Thússoarchorganisaasjes bondelje krêften yn coronatiden

04 apr 2020 - 10:48

De thússoarchorganisaasjes yn Fryslân lûke mei elkoar op yn de ferpleging fan kliïnten dy't (mooglik) besmet binne mei it coronafirus. It giet om Het Friese Land, KwadrantGroep en Thuiszorg Zuidwest Friesland. De meiwurkers geane fia spesjale coronarûten by de kliïnten del. KwadrantGroep die dat earder al. Se wurkje yn spesjale teams dy't gearstald binne út minsken fan alle trije organisaasjes. De gewoane soarch oan thússoarchkliïnten giet ek gewoan troch.

Foto: Kwadrant Groep

"We hebben het opgezet omdat we als drie grote organisaties ons verantwoordelijk voelen om professionele zorgverlening thuis te leveren", seit regiomanager Johanna Rinsma fan Het Friese Land. "We doen dat ook omdat we zo bij de verwachte besmettingspiek kunnen opschalen door de krachten te bundelen en de ziekenhuizen te ontlasten." Dêr ha de organisaasjes noch genôch kapasiteit foar.

Thússoarchmeiwurkers geane yn spesjale coronarûten by de kliinten del. Rinsma: "De medewerkers die op deze route werken, bezoeken iedere cliënt volledig beschermd. Zij kleden zich om en gaan dan pas het huis in om de zorg te leveren." De beskikbere materialen, lykas mûlkapkes, binne lykwols in knipepunt. "Het is een dagtaak voor onze afdelingen beheer om toch aan die mondkapjes te komen. We hebben nu nog genoeg, maar het is wel continu spannend."

Konkurrinten

Eins binne de trije soarchorganisaasjes elkoars konkurrinten, mar dochs wurkje se no gear. "Concurrentie is iets uit de marktwerking en dat speelt in deze tijden absoluut niet. Het gaat nu om de mensen in Fryslân die ziek zijn", leit Rinsma út.

Lanlike belange-organisaasjes ha harren soarch útsprutsen oer de tanimmende druk, wêrtroch't der minder soarch levere wurde kin oan net-coronapasjinten. Dat spilet neffens Rinsma lykwols net yn Fryslân. "Op dit moment niet. Het is landelijk in bepaalde regio's van toepassing, maar hier hebben we nog voldoende capaciteit en medewerkers om de gewone zorg te blijven leveren."

Regiomanager Johanna Rinsma fan Het Friese Land

(advertinsje)
(advertinsje)