Sportklups wolle Fryske middenstân helpe mei sponsorboekjes

04 apr 2020 - 10:07

Winkelju, hoareka en sportferienings ha it op it stuit tige dreech. Lege winkelstrjitten, lege kafees en restaurants en lege sportkantines, wylst de kosten allegear wol trochrinne. Aksjeburo Clubplan sloech de hannen gear mei sportklups en kaam dizze wike mei in sponsoraksje om de middenstân yn de Fryske plakken te helpen wannear't de coronakrisis wer foarby is.

Sa komt it sponsorboekje derút te sjen - Foto: Clubplan

Foar de aksje wurde sponsorboekjes makke mei dêryn weardebonnen foar lokale ferkeapers. "Wy meitsje foar dizze aksje sponsorboekjes foar de Fryske plakken, wy dogge dat yn gearwurking mei de sportklups dy't wy ferspriede sadree't de coronamaatregels it talitte", seit Dijkstra.

Mei it plan soene minsken - ek nei de coronakrisis - foaral by de lokale middenstân keapje moatte, fertelt Harold Dijkstra fan akjseburo Clubplan. "Mei de sportklups wolle we eltsenien oanmoedigje om de bestegingen lokaal te dwaan, en net by de grutte lanlike webshops."

Wat werom dwaan foar de middenstân

De aksje is net nij, fertelt Dijkstra. "Dizze sponsoraksje is in besteande aksje dy't wy normaal foar sportferieningen ynsette om jild yn te sammeljen." No't de middenstân - faaks wichtige sponsoaren foar sportklups - it lestich ha, sette sy de aksje yn foar harren. "De middenstân is fansels hiel belangryk foar de sportklups en op dizze manier wolle wy wat werom dwaan."

Harold Dijkstra fan Clubplan oer de sponsoraksje

(advertinsje)
(advertinsje)