Kollum: "Standje oververhit"

04 apr 2020 - 09:01

"Yn de skiednis hat der meardere kearen in pandemy west. De iene duorre langer as de oare, mar se hienen ien ding itselde: op in gegeven stuit wie it wer oer. De tiid hellet alles yn. Op dit stuit sirkulearje in soad ferhalen oer hoe't it no sa kaam is. Dat is in fraach dy't relevant is, want der is gjin takomst sûnder ferline. Mar belangriker is, wat sille de gefolgen wêze as ek dizze krisis him aanst wer deljûn hat. Sil der in debat op gong komme dat echt giet oer hoe't wy de wolfeart ynrjochtsje? Sil der in debat op gong komme dat NET oer jild giet? Want ien ding is de lêste wiken folslein helder wurden: alles, mar dan ek alles yn de moderne wrâld draait om jild.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Is it aanst noch te ferkeapjen om in wykein nei Praag te fleanen om efkes te shoppen? Om foar in thúswedstriid fan Barcelona even foar minder as 100 euro nei Spanje te hoppen? Mei yn de achterholle dat de loftkwaliteit boppe Nederlân nei trije wiken net fleane, folle minder auto's en útstjit fan bedriuwen yn jierren sa goed net west hat? Sil de polityk de grutte maatskiplike fraachstikken mei de ynsjoggen fan nei de krisis oppakke, of bliuwe se achter de Green Deal oandraven, dêr't je mei de wittenskip fan no wol in pear fraachtekens by sette meie? Komt út in net neier te neamen partij yn de Twadde Keamer aanst wer de rop: 'Bouwe, bouwe, bouwe!' Komme der boppe de eilannen wer rigen skippen del mei ûnnedige plestik rommel út Azië dêr't we hjir best sûnder kinne?

Mei oare wurden: bringe wy nei dizze perioade fan nije ynsjoggen de ekonomy wer yn giselfeart op standje oververhit?

Wy binne allegearre junks. Swier ferslave oan de westerske wolfeart. Ik ek, lit dêr gjin twifel oer bestean. Soks is net samar om te draaien. Ik wit noch hoe dreech it wie om fan it smoken ôf te kommen, dus ik bagatellisearje it echt net. Mar it hat wol it bêste beslút yn myn libben west om dermei op te hâlden. It soe samar sa wêze kinne dat in toskje minder wolfeart net sa slim is. Kollega Eelke wie der woansdei net hoopfol oer. 'We binne net oars', sei hy.

Ik tink dat er foar in grut part gelyk hat. Op in fraach op Facebook oer wat je as earste dwaan geane as dit allegearre wer oer is, foel myn each op in reaksje: 'Even bij mijn ouders langs en dan lekker lang op vliegvakantie.' Mei in oantal sinne-smileys derby. Dy opmerking krige ek noch likes, wylst my de broek ôfsakke fan safolle egoïsme. Der kamen ek tsjinlûden. Net safolle, sy krigen ek net in soad stipe.

Je soene der moedeleas fan wurde. Mar doe't ik in skoft lyn mei de dochter by in universitêr kolleezje yn Grins wêze mocht, sei de heechlearaar wat opmerkliks doe't it oer grutte fraachstikken yn de wrâld gie. Achterôf in best wol hoopfolle útspraak yn dizze tiid. Hy sei: 'De minderheid heeft wel heel vaak gelijk.'

Ik bin allinnich bang dat se it net sa gau krije sille."

(advertinsje)
(advertinsje)