Liveblog | 4 april 2020

Coronanijs sneon 4 april: Fryske Waadeilannen net langer 'coronafrij'

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 5 april 2020, 21:40
22:58

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 4 april oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.
Moarn is der in nij liveblog. Op de radio is om njoggen oere in reportaazje te hearren oer de drokte yn de boumerk. En om alve oere stiet de útstjoering fan Buro de Vries ek yn it ramt fan de coronakrisis.
Presintator René Koster praat dan ûnder oare mei Harjan van Dam, dat is de baas fan it Ljouwerter ûndersyksynstitút Izore. Terapeut Willem Abma fertelt oer de konsekwinsjes fan it missen fan liiflik kontakt. En ien fan de gasten yn it nijsfoarum is Sander Warmerdam. Hy is de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Dy hat it hiele 'verdienmodel' oer de kop smiten fanwege de coronakrisis.
Op telefyzje en ynternet is om tsien oere in tsjerketsjinst te sjen. Dy wurdt rjochtsteeks útstjoerd út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei. De foargonger is dûmny Dorette van Houten fan de frije evangelyske gemeente yn Frjentsjer. De liturgy is online publisearre.
Om seis oere is der op telefyzje in nije útstjoering fan Fryslân Hjoed.
22:37

Mear as 40.000 minsken dogge mei oan noardlik ûndersyk nei corona

Mear as 40.000 minsken ha in fragelist ynfold oer it coronafirus. Dat meldt Lude Franke. Hy is statistysk genetikus oan it UMCG yn Grins. Hy ropt mear minsken op om de list yn te foljen.
Yn de trije noardlike provinsjes wurdt wurke oan in grutskalich ûndersyk nei de risikofaktoaren foar corona. De antwurden dy't minsken opstjoere wurde keppele oan data dy't earder al sammele is. Dêrby wurdt ûndersocht hokker erflike faktoaren en omjouwingsfaktoaren meispylje yn de earnst en de gefolgen fan de sykte. Der wurdt ek ûndersocht oft it coronafirus ynfloed hat op it wolwêzen en de mentale sûnens fan minsken.
21:37

Sûkelade en iisko's foar Nij Smellinghe: "Ik kwam binnen met corona, en dankzij u ben ik er bovenop gekomen"

It is 'overweldigend' om te sjen hoe't elkenien it soarchpersoniel in hert ûnder de riem stekt. Dat seit in wurdfierder fan it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. It soarchpersoniel hat dizze wike ûnder oare iisko's en sûkelade krigen.
En in coronapasjint skriuwt dat der de ôfrûne wike 'te gast' wie yn it sikehûs. "Dat u ook persoonlijk met mijn wel en wee betrokken was, heb ik enorm op prijs gesteld. Niemand wil graag in het ziekenhuis verblijven, maar u heeft ervoor gezorgd dat mijn verblijf plezierig was."
De pasjint is yntusken oan de betterjende hân, mar advisearret it personiel om der goed om te tinken: "Covid-19 is een akelige ziekte, die mij moe en heel erg ziek heeft gemaakt, en die mijn conditie een heel eind heeft gesloopt."
20:50

Suvelyndustry riedt him ta op needsenario "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is"

De coronakrisis kin soargje foar in sitewaasje "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is". Dat meldt de brânsjferiening NZO fan de Nederlânske suvelsektor. Dy hâldt rekken mei in senario dêr't de ferwurking fan molke op grutte skaal stagnearret, troch syktefersom bygelyks.
"Als dan ook alle alternatieve mogelijkheden voor verwerking zijn benut, kan een tijdelijke vermindering van de melkaanvoer in beeld komen, totdat er weer verwerkingscapaciteit beschikbaar is", meldt de organisaasje.
© ANP
Op dit stuit binne der gjin problemen mei it ferwurkjen fan de molke, meldt de NZO. De leden fan de brânsjferiening ha ôfpraat dat se mekoar safolle mooglik helpe sille, en as it nedich is kin it ûnderskied tusken de ferskillende molkestreamen tydlik opheft wurde. Dat soe betsjutte kinne dat de biologyske en de net-biologyske molke troch mekoar smiten wurdt.
20:08

Yn Fryslân lizze 29 coronapasjinten op de IC; yn Noard-Nederlân komme de measte IC-pasjinten út oare regio's

Neffens de lêste sifers binne der yn totaal 97 coronapasjinten opnaam yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 29 op in intensive care.
De sifers komme fan it ROAZNN. Dat is it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland. Net fan alle pasjinten is fêststeld dat se it firus ha, seit it ROAZNN, yn guon gefallen giet it om in fertinking.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn hiel Noard Nederlân lizze der 108 pasjinten op in IC-bêd. De measten dêrfan komme út oare regio's, en dus net út Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat meldt it ROAZNN.
It giet om sifers fan fannemoarn om tsien oere. As je dy mei de sifers fan de ôfrûne dagen ferglykje, litte se in stabyl byld sjen.

Coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

IC net-IC
Sneon 04/04 29 68
Freed 03/04 26 72
Tongersdei 02/04 27 69
Woansdei 01/04 28 65
Tiisdei 31/03 28 81
Moandei 30/03 31 73
Snein 29/03 28 76
Sneon 28/03 26 77
Freed 27/03 18 81
Neffens it ROAZNN is der op dit stuit 'voldoende capaciteit' yn de sikehûzen foar de opfang fan pasjinten út de eigen regio, mei of sûnder it coronafirus.
19:44

Skylge: Aldere eilânbewenner besmet mei coronafirus

Foar it earst is it coronafirus fêststeld op in Frysk Waadeilân. In ynwenner fan Skylge is mei it firus besmet. Dat meldt de gemeente. It giet om in âldere persoan. Fierdere meidielingen docht de gemeente net, fanwege de privacy fan de pasjint.
"Hoewel het een kwestie van tijd was dat het virus ook op Terschelling de kop op zou steken, is het toch heel vervelend als het dan iemand treft", skriuwt de boargemaster yn in ferklearring op de webside fan de gemeente.
"Ik wens de patiënt sterkte en beterschap en ik spreek de wens uit dat we elkaar zoveel mogelijk helpen en steunen om deze vervelende periode door te komen. Daarnaast wil ik iedereen graag op het hart drukken dat het belangrijk is om de landelijke maatregelen op te blijven volgen. Alleen samen krijgen we corona onder controle."