Coronanijs sneon 4 april: Fryske Waadeilannen net langer 'coronafrij'

04 apr 2020 - 21:29

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn totaal binne der yn Fryslân 19 minsken ferstoarn oan it firus, en 192 minsken binne posityf test;
  • Der lizze hast 100 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • De measte coronapasjinten dy't yn Noard-Nederlân op de IC lizze, komme út oare regio's;
  • De earste besmetting op in Frysk Waadeilân is fêststeld op Skylge, it giet om in âldere eilânbewenner;
  • Boeren riede har ta op in needsenario "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is";
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:58
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 4 april oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • De earste besmetting op in Frysk Waadeilân is fêststeld op Skylge, it giet om in âldere eilânbewenner;
  • Boeren riede har ta op in needsenario "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is";
  • De kommissaris fan de Kening seit dat de coronakrisis "djippe groeden" lûkt yn de Fryske mienskip;
  • ONS Snits tinkt serieus nei oer frijwillige degradaasje, no't it fuotbalseizoen hielendal dien is
  • Der lizze hast 100 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • De measte coronapasjinten dy't yn Noard-Nederlân op de IC lizze, komme út oare regio's;
  • Yn totaal binne der yn Fryslân 19 minsken ferstoarn oan it firus, en 192 minsken binne posityf test;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der in nij liveblog. Op de radio is om njoggen oere in reportaazje te hearren oer de drokte yn de boumerk. En om alve oere stiet de útstjoering fan Buro de Vries ek yn it ramt fan de coronakrisis.

Presintator René Koster praat dan ûnder oare mei Harjan van Dam, dat is de baas fan it Ljouwerter ûndersyksynstitút Izore. Terapeut Willem Abma fertelt oer de konsekwinsjes fan it missen fan liiflik kontakt. En ien fan de gasten yn it nijsfoarum is Sander Warmerdam. Hy is de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Dy hat it hiele 'verdienmodel' oer de kop smiten fanwege de coronakrisis.

Op telefyzje en ynternet is om tsien oere in tsjerketsjinst te sjen. Dy wurdt rjochtsteeks útstjoerd út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei. De foargonger is dûmny Dorette van Houten fan de frije evangelyske gemeente yn Frjentsjer. De liturgy is online publisearre.

Om seis oere is der op telefyzje in nije útstjoering fan Fryslân Hjoed.

22:37
Mear as 40.000 minsken dogge mei oan noardlik ûndersyk nei corona

Mear as 40.000 minsken ha in fragelist ynfold oer it coronafirus. Dat meldt Lude Franke. Hy is statistysk genetikus oan it UMCG yn Grins. Hy ropt mear minsken op om de list yn te foljen.

Yn de trije noardlike provinsjes wurdt wurke oan in grutskalich ûndersyk nei de risikofaktoaren foar corona. De antwurden dy't minsken opstjoere wurde keppele oan data dy't earder al sammele is. Dêrby wurdt ûndersocht hokker erflike faktoaren en omjouwingsfaktoaren meispylje yn de earnst en de gefolgen fan de sykte. Der wurdt ek ûndersocht oft it coronafirus ynfloed hat op it wolwêzen en de mentale sûnens fan minsken.

21:37
Sûkelade en iisko's foar Nij Smellinghe: "Ik kwam binnen met corona, en dankzij u ben ik er bovenop gekomen"

It is 'overweldigend' om te sjen hoe't elkenien it soarchpersoniel in hert ûnder de riem stekt. Dat seit in wurdfierder fan it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. It soarchpersoniel hat dizze wike ûnder oare iisko's en sûkelade krigen.

En in coronapasjint skriuwt dat der de ôfrûne wike 'te gast' wie yn it sikehûs. "Dat u ook persoonlijk met mijn wel en wee betrokken was, heb ik enorm op prijs gesteld. Niemand wil graag in het ziekenhuis verblijven, maar u heeft ervoor gezorgd dat mijn verblijf plezierig was."

De pasjint is yntusken oan de betterjende hân, mar advisearret it personiel om der goed om te tinken: "Covid-19 is een akelige ziekte, die mij moe en heel erg ziek heeft gemaakt, en die mijn conditie een heel eind heeft gesloopt."

20:50
Suvelyndustry riedt him ta op needsenario "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is"

De coronakrisis kin soargje foar in sitewaasje "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is". Dat meldt de brânsjferiening NZO fan de Nederlânske suvelsektor. Dy hâldt rekken mei in senario dêr't de ferwurking fan molke op grutte skaal stagnearret, troch syktefersom bygelyks.

"Als dan ook alle alternatieve mogelijkheden voor verwerking zijn benut, kan een tijdelijke vermindering van de melkaanvoer in beeld komen, totdat er weer verwerkingscapaciteit beschikbaar is", meldt de organisaasje.

Foto: ANP

Op dit stuit binne der gjin problemen mei it ferwurkjen fan de molke, meldt de NZO. De leden fan de brânsjferiening ha ôfpraat dat se mekoar safolle mooglik helpe sille, en as it nedich is kin it ûnderskied tusken de ferskillende molkestreamen tydlik opheft wurde. Dat soe betsjutte kinne dat de biologyske en de net-biologyske molke troch mekoar smiten wurdt.

20:08
Yn Fryslân lizze 29 coronapasjinten op de IC; yn Noard-Nederlân komme de measte IC-pasjinten út oare regio's

Neffens de lêste sifers binne der yn totaal 97 coronapasjinten opnaam yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 29 op in intensive care.

De sifers komme fan it ROAZNN. Dat is it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland. Net fan alle pasjinten is fêststeld dat se it firus ha, seit it ROAZNN, yn guon gefallen giet it om in fertinking.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn hiel Noard Nederlân lizze der 108 pasjinten op in IC-bêd. De measten dêrfan komme út oare regio's, en dus net út Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat meldt it ROAZNN.

It giet om sifers fan fannemoarn om tsien oere. As je dy mei de sifers fan de ôfrûne dagen ferglykje, litte se in stabyl byld sjen.

Coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

IC net-IC
Sneon 04/04 29 68
Freed 03/04 26 72
Tongersdei 02/04 27 69
Woansdei 01/04 28 65
Tiisdei 31/03 28 81
Moandei 30/03 31 73
Snein 29/03 28 76
Sneon 28/03 26 77
Freed 27/03 18 81

Neffens it ROAZNN is der op dit stuit 'voldoende capaciteit' yn de sikehûzen foar de opfang fan pasjinten út de eigen regio, mei of sûnder it coronafirus.

19:44
Skylge: Aldere eilânbewenner besmet mei coronafirus

Foar it earst is it coronafirus fêststeld op in Frysk Waadeilân. In ynwenner fan Skylge is mei it firus besmet. Dat meldt de gemeente. It giet om in âldere persoan. Fierdere meidielingen docht de gemeente net, fanwege de privacy fan de pasjint.

"Hoewel het een kwestie van tijd was dat het virus ook op Terschelling de kop op zou steken, is het toch heel vervelend als het dan iemand treft", skriuwt de boargemaster yn in ferklearring op de webside fan de gemeente.

"Ik wens de patiënt sterkte en beterschap en ik spreek de wens uit dat we elkaar zoveel mogelijk helpen en steunen om deze vervelende periode door te komen. Daarnaast wil ik iedereen graag op het hart drukken dat het belangrijk is om de landelijke maatregelen op te blijven volgen. Alleen samen krijgen we corona onder controle."

18:25
"Hee Harald, liggen we vol?" RTV Drenthe wie yn in sikehûs: "Het is echt bizar"

It Wilhelmina Sikehûs yn Assen is ien fan de sikehûzen dy't yn Noard Nederlân ekstra opskale fanwege de coronakrisis. In ferslachjouwer fan RTV Drenthe koe dêr ien dei meisjen.

"Het is bijzonder druk. We doen eigenlijk niets anders meer dan corona", seit Aleida Kuipers yn de minidokumintêre fan RTV Drenthe. Se is saakkundige op it mêd fan ynfeksjeprevinsje.

"Het reguliere werk ligt voor een groot deel stil. Over een poosje kunnen we misschien zeggen dat het een hele interessante periode is geweest. Maar voor nu is het knetterhard werken."

It Wilhelmina Sikehûs is ien fan de partners yn in noardlik gearwurkingsferbân. De sikehûzen yn it Fryslân, Grinslân en Drinte kinne op elk momint fan mekoar sjen hoe drok oft se it ha. It UMCG yn Grins melde earder dat Noard-Nederlân dêrmei foarop rint.

"Het is echt bizar", seit Suzanne Kruizinga. Se is bestjoerder fan it sikehûs, dat him klear makket om safolle mooglik pasjinten op de fangen, as RTV Drenthe meisjocht. "Hee Harald, liggen we vol?", is de earste fraach dy't se yn de dokumintêre oan in kollega stelt.

17:01
Oantal opnamen op IC nimt 'minder hurd' ta

Yn hiel Nederlân lizze der no 1360 minsken op de intensive care mei it coronavirus. Dat binne der 36 mear as juster. "We zien het aantal opnames de afgelopen dagen minder snel stijgen dan vorige week, de social distancing lijkt te werken. Het is dus heel belangrijk om dat voort te zetten", seit Ernst Kuipers by de NOS. Hy is de foarsitter fan it lanlik netwurk akute soarch. Juster naam it oantal coronapasjinten op de IC's ta mei 51.

In coronapasjint wurdt mei de helikopter nei it sikehûs fan Hearrenfean brocht - Foto: ANP

Juster sei Diederik Gommers fan de nasjonale feriening foar intensive care dat de Nederlânske sikehûzen 'goed op wei' binne nei in kapasiteit fan 2400 IC-bêden. Neffens medysk saakkundigen kin de Nederlânske soarch mear bêden beslist net oan.

Neffens Ernst Kuipers is der op dit stuit genôch oanbod fan bêden. "We liggen nog altijd op schema met het aantal beschikbare bedden en we zien op dit moment het aantal opnames minder snel stijgen. We hopen dat dit zo doorzet."

16:20
ONS Snits tinkt nei oer frijwillige degradaasje, no't fuotbalseizoen hielendal dien is

Nei sân jier yn de tredde difyzje tinkt fuotbalklup ONS Snits no serieus nei oer frijwillige degradaasje. Dat seit foarsitter Joan van der Veen. "We hebben het elk jaar moeilijk. Het niveau van de competitie is hoog. Misschien is dit het moment om te degraderen."

Foto: www.orange-pictures.nl

Foarsitter Joan van der Veen fan ONS Snits

It amateurfuotbalseizoen is dien, fanwege de coronakrisis. Fuotbalbûn KNVB hat earder sein dat der dit jier net ien degradearret, en net ien promovearret. No blykt der dochs in mooglikheid te wêzen, foar klups dy't frijwillich degradearje wolle.

ONS Snits tink dêr serieus oer nei. Neffens de foarsitter wie der al rekken holden mei degradaasje nei de haadklasse, by it gearstallen fan it alvetal fan takom jier. De begrutting fan de klup wie net ien fan de grutsten, en de foarsitter ferwachtet dat de sponsorbydragen weromrinne sille, troch de krisis.

Dat ONS de degradaasje oanfreegje sil, is noch net wis. Dêr moat binnen ONS earst noch oer oerlein wurde, seit Van der Veen. 'We willen over twee of drie weken een beslissing genomen hebben, over de aanvraag bij de KNVB. Hoe lang die er voor nodig heeft om een beslissing te nemen, dat weet ik niet."

16:00
Wurk op de IC: "De mate waarin mensen overlijden is ongekend"

As je allinne al de holle draaie wolle, fan in pasjint dy't oan de beäzeming leit, ha je dêr in dokter foar nedich, en twa of trije ferpleechkundigen. Dat skriuwe Wolter Paans en Wim Dieperink yn in blog foar de Aletta Jacobs School of Public Health. Se binne beide ferpleechkundige en ferpleechkundich ûndersiker.

Ter yllustraasje: wurk op in intensive care - Foto: ANP

Se wolle sjen litte wat de corona-útbraak achter de skermen teweechbringt. "En dat afstand houden en handen wassen de moeite waard is." It wurk op de IC hat grutte ympakt, sizze se. "De directe fysieke uitvoering aan het bed vormt een uitputtingsslag."

Emosjoneel is it swier, ek al binne de measte soarchferlieners wol hiel wat wend. "Er overlijden nu eenmaal mensen op een intensive care, echter in deze crisis is de omvang van het lijden en de mate waarin mensen overlijden ongekend."

Oare ferpleechkundigen ha it neffens de beiden oer "de opperste verschrikking". "Ik heb dit nog nooit meegemaakt en ik zal deze ellende ook nooit meer vergeten", seit ien.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)