Wettersportsektor hat it swier: "We zijn een berg aan het beklimmen die steeds steiler wordt"

De bedriuwen yn Fryslân dy't krusers of sloepen ferhiere, krije in protte telefoantsjes fan minsken dy't de boeking annulearje wolle, nei oanlieding fan de coronamaatregels fan it kabinet. Der sille de kommende wiken dus net in soad hierboaten te sjen wêze op it Fryske binnenwetter en dat betsjut foar guon bedriuwen mooglik in finansjele strop.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Op it wetter moatte de boaten sa fier mooglik út elkoar bliuwe. Dat allegear om it risiko op besmetting mei it coronafirus by de opfarrenden sa lyts mooglik te hâlden. Dat betsjut ek dat der gjin boaten by elkoar oanlizze meie, of tichtby elkoar foar in brêge of slûs lizze meie te wachtsjen. Minsken mei in eigen boat meie wol in eintsje te farren, mar moatte dêrnei wer thús oanlizze en net yn in jachthaven.

Strange foarsoarchsmaatregels

It is net ferbean om in boat te ferhieren, de bedriuwen meie dat sels witte. De measte ferhierders nimme wol strange foarsoarchsmaatregels yn acht, mei it doel ôfstân te hâlden. De minsken dy't in boat hiere, moatte ien húshâlding wêze of in lyts groepke fan maksimaal trije minsken. Foar't se oan board gean, moatte se de hannen waskje en se moatte eigen bêdeguod meinimme. De ferhierder jout gjin persoanlike ynstruksje oer it farren mei de boat, mar docht dat fia in filmke. De húskegebouwen yn jachthavens kinne allegear net brûkt wurde.

Gigantyske strop

Dat it seizoen no letter begjint is neffens Jan Ybema, regiomanager fan wettersportorganisaasje HISWA, dramatysk. "In zes maanden tijd moet je je brood verdienen als sector en aangezien het hier gaat om tijd die je later niet kunt inhalen, is dat een gigantische strop voor onze sector." Neffens Ybema wurde hûnderten bedriuwen troffen troch de coronamaatregels. Dan giet it net allinnich om boatferhierders, mar ek om bygelyks jachthavens en fakânsjeparken.
De boatferhierders hawwe in soad Dútske klanten, dy't no in negatyf reisadvys krigen ha fan harren regearing en hjir net nei ta komme. Ybema: "Dat is van oudsher een hele belangrijke groep voor Fryslân en als je die verliest, samen met ook veel Nederlandse klanten, dan weet je wel hoe de sector ervoor staat."

Lanlike stiperegeling

Om te foarkommen dat bedriuwen yn dizze sektor omfalle, pleitet Ybema derfoar dat sy ek gebrûk meitsje kinne fan de lanlike stiperegeling fan it kabinet. "Daar hebben we volgende week een gesprek over met de minister en de staatssecretaris, ook met een afvaardiging van de provincie die ons daarin ondersteunt." It liket him logysk dat it regear de sektor yn 'e mjitte komt.
Dêrneist giet de betsjinning fan de brêgen yn it Fryske binnenwetter net fan start op 6 april, sa't earst de bedoeling wie. De provinsje hat besletten de 'winterregeling' noch efkes troch te setten. "We zijn een berg aan het beklimmen die steeds steiler wordt", seit Ybema.
"We snappen dat je rekening dient te houden met de volksgezondheid en daarom hebben we ook veiligheidsprotocollen ontwikkeld. Dat betekent dat we deze op een later moment in werking moeten stellen en dat goed met de Veiligheidsregio's gaan bespreken, zodat we hopelijk op een iets later moment wel open kunnen en dat er steeds meer mensen toch kiezen voor vakantie in eigen land."
Jan Ybema, regiomanager fan de HISWA
Yn Earnewâld binne in soad minsken dy't dochs it wetter op wolle. "Het zonnetje he, mooi weer. Dan wil iedereen het water graag weer op. We kijken of het kan, als het niet kan stoppen we ermee", seit Jan Schoonman, dy't sels ek it wetter op sil mei syn frou. "Als je met zijn tweeën gaat, dan kom je ook bijna niemand tegen nu, dat lijkt me helemaal geen probleem."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Earnewâld