De oarloch yn Fryske foto's: "An airman of the war"

04 apr 2020 - 08:00

Gjin oarloch sûnder militêre striid. Dêr ûntkomt ek Fryslân net oan. It fleanfjild by Ljouwert is doelwit fan bombardeminten en yn de provinsje falle boargerdeaden. Mar yn april 1945 komt de befrijing. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.

In Dútske soldaat by de grêfkisten fan de bemanning fan in Ingelske bommewerper - Foto: Fries Verzetsmuseum

'An airman of the war'

Yn de nacht fan 1 op 2 maart 1943 falt de Royal Air Force mei 302 fleantugen it súdwesten fan Berlijn oan. Ien fan de dielnimmers is in Short Stirling-bommewerper. Fabriken, spoarwegen en huzen wurde rekke. Op de weromreis komt lykwols de tsjinoanfal. Leutnant Wolfgang Kuthe falt yn in nachtjager fan de fleanbasis yn Ljouwert it Ingelske fleantúch oan. De Stirling fleant yn 'e brân en ûntploft krekt foar ienen boppe de Mantgumerfeart.

Hoe moat it delstoarten fan de bommewerper klonken hawwe? It ronkjen fan de motoaren, it útinoar skuorren fan metaal. De bemanningsleden krije in plak op it hôf yn Skillaerd, it buorskip súdwestlik fan Mantgum. Mei de identiteitsplaatsjes fan de bemanningsleden kinne der nammen op de grêfstiennen set wurde, mar de achtste passazjier bliuwt ûnbekend. Op dy lêste stien stiet inkeld: 'An airman of the 1939-1945 war.'

De earste Kanadeeske wein yn Ljouwert - Foto: Foto: W. ten Have (Historisch Centrum Leeuwarden)

Snein 15 april 1945, 12.23 oere, Grinzerstrjitwei. De ynwenners fan Ljouwert binne in dei earder warskôge: bliuw binnen. It is net feilich no't de Dútsers harren tebeklûke. It gûnzet troch de stêd: sy komme, sy komme! Yn 'e middei is it safier. Sy binne der. De earste weinen fan de befrijers hobbelje oer de Grinzerstrjitwei, Ljouwerters drave harren wenten út. De klokken fan de Aldehou beierje en oeral wurde read-wyt-blauwe flaggen fan souder plukt. Frij!

In lid fan de Nederlandse Landwacht dy't finzen nommen is - Foto: Historisch Centrum Leeuwarden

In lêste groet oan in tsjuster ferline. Mei de skonken wiidút heft dizze Landwachter yn Ljouwert syn earm. Hy is lykwols finzen nommen en ûntwapene. De Nederlandse Landwacht is yn 1943 oprjochte, ynearsten om de NSB te befeilichjen. Letter waard de Landwacht mear in soarte helpplysje. Njonken harren taken lûke Landwachters yn de praktyk ek tal fan oare aktiviteiten nei harren ta: sy dogge hússikingen, pakke jild en iten ôf by kontrôles en helpe de SD by de jacht op ûnderdûkers.

In Amerikaansk fleantúch smyt bommen op it Ljouwerter fleanfjild - Foto: Fries Verzetsmuseum

Bommen op Fliegerhorst

It is 'the big week' foar de Amerikaanse loftmacht: tal fan loftoanfallen op de Dútske besetter. Op 24 febrewaris 1944 fleane de B-26 Marauders (bommewerpers) de Fryske kust oer. Dútsk loftôfwargeskut sjit op de fleantugen, mar it is om 'e nocht.

Fliegerhorst, it fleanfjild fan Ljouwert, wurdt bombardearre. Dizze foto is sa'n bytsje boppe Jelsum makke. Op de foto is te sjen dat der bommen delkaam binne op de hangaren en gebouwen fan it fleanfjild. Fiif Dútske militêren komme om. De reekwolken binne oant yn de Súdwesthoeke te sjen, it fleanfjild is wiken ûnbrûkber.

It is in heldere dei, mar dochs wurde der ek huzen yn Marsum rekke, acht boargers komme om. 'Door een noodlottig ongeval,' stiet yn de Friesche Courant yn de rouadvertinsjes. Der wurdt net skreaun oer de oanfal, dat is ferbean troch de Dútsers.

Op 17 septimber bombardearje de Ingelsken Fliegerhorst nochris. Dan is it definityf dien foar it fleanfjild.

Gelt Kok mei de befrijing yn Sint-Anne - Foto: Foto: Henk Lantinga, mooglik (Fries Verzetsmuseum)
(advertinsje)
(advertinsje)