Ofslútdyk oerenlang ticht foar herstelwurksumheden

04 apr 2020 - 15:37

De Ofslútdyk is dit wykein ticht, fan sneon 18.00 oere oant en mei snein 16.00 oere. De dyk is yn beide rjochtingen sletten foar ferkear. By de Stevinslûzen by Den Oever wurdt der wurke oan de ûndergrûn fan de dyk. Mei dit wurk begjint de oanlis fan twa nije gemalen.

Doe't yn oktober 2019 damwanden oanbrocht waarden, fersakke in diel fan de rydbaan. Undersyk brocht oan it ljocht dat de ûndergrûn ûnder de A7 net kompakt genôch is. Om nije fersakkingen foar te kommen, wurdt dy ûndergrûn no 'tichter' makke. Dat bart mei nij sân en nij asfalt.

It iepenbier ferfier (bus 350) en helpferlieningstsjinsten kinne wol oer de Ofslútdyk. Op sneon rydt de fytsbus ek, op snein net.

(advertinsje)
(advertinsje)