Provinsje en gemeenten lizze wetterrekreaasje oant 28 april oan bannen mei 'winterregeling'

04 apr 2020 - 07:00

De provinsje Fryslân hat yn oerlis mei de gemeenten en de Feilichheidsregio besletten om de winterregeling foar de betsjinning fan brêgen en slûzen troch te lûken oant 28 april. Dat betsjut dat brêgen fan de provinsje, gemeenten en it wetterskip ek de kommende wiken mar beheind betsjinne wurde.

De brêge yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It beslút hat te krijen mei de coronakrisis en leit de wetterrekreaasje de kommende wiken oan bannen. Farfakânsjes troch hiel Fryslân wurde sa ûntmoedige, mar minsken dy't yn de eigen omkriten in rûntsje oer de mar meitsje wolle, kinne noch wol it wetter op.

De krekte regeling mei alle betsjinningstiden foar de moanne april wurdt sneon yn de rin fan de dei bekend makke.

Tsjin 'ûnnedige reisbewegings'

Yn Fryslân jildt tradisjoneel fan 1 april ôf de simmerregeling foar brêgen en slûzen. De provinsje Fryslân naam earder al it beslút om de simmerregeling út te stellen oant 6 april. Dat wurdt dus no 28 april. Direkteur Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân is bliid mei it beslút fan de provinsje en oare brêgebehearders. It beslút past neffens him goed yn it belied om 'ûnnedige reisbewegings' te ûntmoedigjen.

(advertinsje)
(advertinsje)