FIDEO: 'We moatte in minister foar de langere termyn krije'

We moatte in minister foar de langere termyn krije. Allinnich sa kinne we tidich ynspylje op grutte fraachstikken, lykas de coronakrisis, mar ek de oanpak fan de stikstofproblematyk. Dat seit Klaas Sietse Spoelstra, fan berop nei eigen sizzen 'veranderaar', yn It Polytburo - Fryslân Moarn.
De polityk moat ôf fan de koarte termyn fan fjouwer jier, fan ferkiezingen nei ferkiezingen, sa fynt Spoelstra. In minister of deputearre soe jild reservearje moatte foar de oanpak fan saken dy't in langere adem freegje.
Spoelstra wie de earste gast yn de nije fariant fan It Polytburo, dat no tydlik de namme Fryslân Moarn meikrijt. Yn it programma praat presintator Eric Ennema mei gasten út ûnder oar it bedriuwslibben, de polityk en de kultuer oer de coronakrisis.
It Polytburo - Fryslân Moarn wurdt freeds om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd nei Hea! en is it fansels ek online te finen.