Hulpmiddelencentrum fallyt ferklearre, tsjinstferliening giet wol troch

It Hulpmiddelencentrum, dat helpmiddels leveret oan sike en handicapte minsken, is fallyt. De measte fêstigingen fan de organisaasje sieten yn Fryslân: yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Snits en Burgum.
© ANP
Ferskate gemeenten yn Fryslân ha in kontrakt mei it sintrum. Fjouwer fan har hiene koartlyn it kontrakt opsein, omdat der in soad klachten wiene oer de levering fan helpmiddels.
Om derfoar te soargjen dat de kliïnten sa min mooglik lêst fan it fallisemint ha, meie se de helpmiddels dy't se yn gebrûk ha, earst hâlde. De tsjinstferliening giet foarearst gewoan troch.
De kuratoaren dy't it fallisemint ôfhannelje, ûndersykje oft oare leveransiers de kontrakten oernimme kinne. Se oerlizze dêroer mei de gemeenten en oare partners dêr't it Hulpmiddelencentrum in kontrakt mei hat.

'Net de dupe'

De fraksje fan de PvdA yn de gemeente Hearrenfean hat sein dat minsken dy't ôfhinklik binne fan de helpmiddels net de dupe wurde meie fan it fallisemint. Fraksjefoarsitter Wanda Ottens hat boargemaster en wethâlders frege om te fersekerjen dat de helpmiddels dêr't de gemeente foar betelle hat, beskikber bliuwe foar de kliïnten.