Part A7 ticht troch ûngelok by provinsjegrins by Fryske Peallen

De sneldyk A7 is ticht tusken it Grinslanner Marum en Fryske Peallen. Dat komt troch in ûngelok mei twa auto's.
© De Vries Media
Ien fan de auto's ried mei in oanhinger, dy sloech nei de oanriding oer de kop.
De brânwacht wie nei it plak fan it ûngelok kaam, omdat ien fan de bestjoerders beknypt sitte soe. Dat wie lykwols net it gefal.
De dyk is allinnich ticht yn de rjochting fan Grins nei It Hearrenfean.