Ferbining yn tiden fan krisis: Friezen helpe inoar wêr't se kinne

03 apr 2020 - 18:33

Minsken dy't help nedich ha by de boadskippen, ferfier nei de dokter of it sikehûs, mar ek foar oppas fan in famyljelid dat it hûs net mear útkin. Der melde har hieltyd mear Friezen dy't oare minsken helpe wolle dy't slachtoffer binne fan de gefolgen fan it coronafirus.

Molke, bûter en in grut pak fleis, dat pakt de famylje De Schiffart fan de Jouwer yn foar harren buorlju. Dy ha al mear as trije wiken net mear bûten west om't se eangst ha foar it coronafirus.

Jos de Schiffart en de bern helpe de buorren dan ek graach yn dizze tiid. "Ze zeggen dat de samenleving individualistisch is, maar in deze tijd van corona komen we allemaal dichter bij elkaar," seit Jos wylst hy syn dochters helpt mei it ynpakken fan de boadskippen. "We willen in deze tijd iets voor onze buren betekenen."

Ximena en Luz bringe de boadskippen - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Jos hat op Facebook de groep 'Coronahulp Joure' oanmakke, wêr't minsken op reagearje kinne as se stipe nedich ha. "Onze buurvrouw kan wel wat hulp gebruiken," seit dochter Ximena.

Fia it ynternet wurde der in protte oanfragen dien foar help. Al mear as 600 minsken binne oanmeld. "Daar komen uiteenlopende vragen langs," sa seit Jos. Mei syn dochters rint hy nei it hús fan de buorren. "Van boodschappen doen tot het helpen bij klusjes. Alles wordt gevraagd."

Neidat Ximena en Luz by de buorfrou oanbelje, docht dizze mei in bliid gesicht de doar iepen. "Moatst ris sjen. Dat hie ik no krekt nedich. Ik bin sa bliid mei jimme!"

Aeltke van der Meer hat Heel Friesland Belt opset - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Heel Friesland belt

Efkes fierderop yn de provinsje, yn Surhústerfean, iepenet Aeltke van de Meer har laptop. Se sit mei de telefoan yn de hân nei in list mei nûmers te sjen.

"Wy ha mei Sociaal Goud hjir de groep 'Heel Friesland belt' opset. Frijwilligers kinne harren opjaan om âlderein te beljen dy't no thús sitte. Alderein ha it gewoan swier yn dizze tiid. Sy ha gewoanwei al net sa'n protte kontakt mei minsken en dat is troch dizze krisis noch fierder beheind. Ik woe graach dy âlderen keppelje oan ûnbekenden, sadat se wer wat nije kontakten ha. Ik ha dy frijwilligers fansels wol goed kontrolearre", laket Aeltke.

"It smyt wol moaie petearen op. Juster sei in âldere dat se bliid wie dat se ris in oar sprekke koe. Oars belle se altyd mei har dochter. Dy wiene wol in kear útpraat."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Janke van der Heide is ynskreaun by Heel Friesland Belt. Sy is tige bliid mei it inisjatyf. "Ik koe de persoan net dy't my belle, mar ik kaam der al gau efter dat sy op deselde dei jierdei is. Hoe is it mooglik? We belje no in pear kear mei inoar, om sa dat kontakt te hâlden. Dat is myn ljochtpuntsje fan dizze perioade," seit Van der Heide emosjoneel.

(advertinsje)
(advertinsje)