PODCAST: 'De flok fan Hokswier'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze alfde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De flok fan Hokswier'.

Utstjoering 11: De flok fan Hokswier

Age is mei de kraan oan it wurk op it plak dêr't yn de midsiuwen by Mantgum de stins 'Hokswier' stie. Der sil in nije stins boud wurde. Mar it is dreech; de grûn is hiel hurd. It is krekt as wurdt Age tsjinwurke. Hy fynt fjouwer bonken, dy't er net goed thúsbringe kin. Hy hat al in hiele samling bonken fan bisten, mar sokken hat er noch net earder fûn. Nachts kin er net sliepe en giet er mei syn metaaldetektor werom nei it bouplak. De detektor slacht oan en Age bedarret yn in nuvere, mystike sfear... As er werom yn it hjir en no is, begrypt er wêrom't it wurk op dat plak sa dreech is. En hy wit ek wat er dwaan moat!
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.