Direkteur Veiligheidsregio warskôget: "Net massaal Nederlân troch dit wykein"

Der is moai waar foarsein foar it kommende wykein, mar dat betsjut net dat we der massaal mei-inoar op út moatte. Dat seit Wim Kleinhuis, direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân.
Wim Kleinhuis:
Kleinhuis
Kleinhuis is lykwols wol bliid dat der moai waar oankomt. "Dêr binne de minsken ek wol in bytsje oan ta. Mar it is net de bedoeling dat der no in hiel soad minsken op út gean. Je meie best even in 'luchtje scheppen' yn dyn eigen omkriten. Mar net massaal troch Nederlân rûncrosse en allegear in wykeintsje fuort", seit Kleinhuis.

Pasjintenstream

De direkteur gie ek yn op de stân fan saken yn Fryslân op dit stuit. Yn totaal binne der yn Fryslân no 14 minsken ferstoarn oan corona. Boppedat binne der de lêste 24 oeren 14 nije minsken posityf test. Neffens Kleinhuis is de situaasje noch ûnder kontrôle. "Op dit stuit is it yn ús sikehuzen noch te dwaan. De sikehuzen binne goed taret op de kommende stream. Dêrneist binne we ek drok dwaande om dat fierder út te wreidzjen, it tal intensive care-bêden is tanaam", seit Kleinhuis. "Der binne gjin soargen foar op it momint."
Wim Kleinhuis © Veiligheidsregio
De ferwachting is dat it tal befêstige besmettingen fan moandei ôf flink tanimme sil. Dit komt troch it nije testbelied. "Us testlokaasje is ferpleatst en sterk útwreide. We wolle mear minsken dy't yn de fitale beroppen sitte, foaral de soarch, teste kinne. Dêr binne we hast klear foar, fan moandei ôf giet dat los", sa seit Kleinhuis. "Wy hâlde earnstich rekken mei dat der takom wike folle mear befêstige pasjinten binne. Dat seit neat oer dat der echt mear pasjinten binne, allinnich mar dat wy folle mear teste."
Ferslachjouwer Onno Falkena prate mei Wim Kleinhuis