Oar gesicht foar It Polytburo: gasten prate oer de coronakrisis

03 apr 2020 - 16:43

It Polytburo, it wyklikse politike telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân, krijt de kommende wiken in oar gesicht. Under de titel Fryslân Moarn praat Eric Ennema mei gasten oer dizze coronakrisis.

Foto: Omrop Fryslân

Want wat betsjut dizze slimste krisis sûnt de Twadde Wrâldoarloch foar ús allegear? Wat docht it mei de Fryske mienskip? Jout it ek kânsen? De gasten komme út it Fryske bedriuwlibben, de polityk, de kultuer.

Te gast dizze freedtejûn is Klaas Sietse Spoelstra, bekend fan it projekt Kening fan 'e Greide. Fan berop seit Spoelstra 'veranderaar' te wêzen.

It Polytburo - Fryslân Moarn wurdt freeds om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd nei Hea! en is it fansels ek online te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)