Oerol giet net troch: "We moeten het annuleren, anders gaan we failliet"

03 apr 2020 - 20:15

"Als we nu het festival niet annuleren, dan overleven we het niet." De organisaasje fan Oerol koe net oars as de edysje fan dit jier ôfsizze, seit direkteur Siart Smit. "Die 50.000 mensen komen niet naar het eiland, dat betekent dat wij 1,3 tot 1,6 miljoen euro mislopen."

Foto: Omrop Fryslân

Earder al makke de organisaasje bekend dat it net trochgean koe yn de oarspronklike foarm. De organisaasje soe noch sykje nei alternative foarmen, mar dat wurdt dus ek neat mear. "De voorbereidingstijd is te kort en het is financieel niet verantwoord om daarmee door te gaan", seit direkteur Siart Smit. Dêrom ha se freed besletten dat it dit jier definityf net trochgiet.

"Dat heeft best veel impact voor alle makers, alle mensen die bij ons werken en ook voor de leveranciers", seit Smit. "Maar we moesten dit besluit nu nemen." Troch de maatregels fan it kabinet kin der oant 28 april net boud wurde en kinne teätermakkers oant dy tiid net oefenje. "Bovendien blijft het verbod op evenementen sowieso tot 1 juni van kracht en een verdere verlenging ligt voor de hand." It festival soe fan 12 oant en mei 21 juny holden wurde en de programmearring wie al rûn.

Oars fallyt

Smit: "We moeten het annuleren, want anders zijn we als organisatie failliet. En dan is er in 2021 ook geen festival en ook geen werkgelegenheid. Het is altijd een lastig besluit, maar ook het enige besluit dat nu mogelijk is."

We gaan hoe dan ook een teken van leven geven in juni, al is het virtueel.

Siart Smit, direkteur fan Oerol

It betsjut net dat der it hiele jier neat mear bart op Skylge. "We gaan wel kijken wat nu wel kan. Dat gaan we de komende weken doen. Op 21 april wordt bekend of de maatregelen worden verlengd na 28 april. Dan wordt ook bekend hoe de wereld er voor festivals uitziet na 1 juni. Op basis daarvan kunnen we zeggen wat we wél kunnen doen. We gaan hoe dan ook een teken van leven geven in juni, al is het virtueel. We hopen dat er wat publiek bij kan zijn, maar dat moeten we allemaal later beslissen."

Trefwurden: 
Skylge Oerol coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)