Eksport hynders en melkfee leit stil: NVWA jout gjin sertifikaten mear ôf

De eksport fan hynders, mar ek fan melkfee nei it bûtenlân leit stil. Oarsaak is dat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) fanwege it coronafirus gjin sertifikaten mear ôfjout foar transport nei it bûtenlân. De NVWA wol hjirmei foarkomme dat de eigen ynspekteurs besmet reitsje.
Hynders goeie
Ien fan de bedriuwen dy't hjirmei te krijen hat, is Horses2Fly út Jistrum, mei de twa eigeners Alex Nijboer en syn partner Pascale Drijfhout. Horses2Fly soarget foar it ynternasjonaal transport fan hynders, mar harren aktiviteiten lizze no folslein stil.
Neffens Nijboer kin dat desastreuze gefolgen ha foar syn bedriuw. Net allinnich is der no gjin transport mear mooglik, klanten sykje ek nei alternativen om harren hynders dochs yn it bûtenlân te krijen. Dat kin ta gefolch ha dat se nei de coronakrisis net werom komme.

Belange-organisaasje

Nijboer en Drijfhout binne fia de eigen belange-organisaasjes wol yn petear mei de NVWA om ta in oplossing te kommen. Sa is foarsteld om op in beheind tal plakken yn it lân de hynders by elkoar te bringen. De ynspekteurs fan de NVWA hoege dan net mear it hiele lân troch te reizgjen om de hynders te karren.
Pascale Drijfhout en Alex Nijboer © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
En op de plakken dêr't de hynders by elkoar komme binne genôch mooglikheden om te soargjen dat der foldwaande ôfstân bestiet tusken de ynspekteurs en de minsken dy't op it eksportbedriuw wurkje.
It foarstel is noch net goedkard, mar Nijboer tinkt dat der in kâns bestiet dat dit ynkoarten wol slagget.
Pascal Drijfhout en Alex Nijboer