Drege tiden foar Friezen yn Spanje: "Ik kin it no eins al net mear folhâlde"

Yn Nederlân rint de spanning hieltyd fierder op oer it coronafirus en ha we in beheining yn ús bewegingsfrijheid, mar yn Spanje giet it noch folle mâler. Dêr is in folsleine lockdown en dus kinne de minsken allinnich nei bûten foar boadskippen en medisinen.
Lieuwe Westra yn 2017 © www.orangepictures.nl
Lieuwe Westra en Merijn Bouma, twa Friezen dy't gewoanwei wend binne om der op de fyts op út te gean, wenje dêr en dat falt se op dit stuit net ta. "Ik bin der wol wer klear mei", seit Westra.
Ald-profhurdfytser Westra wennet tusken Valencia en Alicante. De lockdown duorret no al njoggentjin dagen en dan begjint de ferfeling wol te kommen. "It ritme is no fuort. We sliepe mar út, want je moatte de dei dochs omkrije. Dan rinne we wat om it hûs hinne en dan is it even wat ite en in siësta. Dan in bytsje Netflix sjen en dan wer sliepe. Dat is in dei no sa'n bytsje", seit Westra.
De ein liket noch net yn sicht. "We hearre elke dei wat der bart, no ek wer 950 deaden op ien dei. Der sit noch net folle betterskip yn. De lockdown soe duorje oant 12 april, mar je kinne der wol fan út gean dat dat wer ferlinge wurdt", sa seit de âld-hurdfytser.

B&B

Westra hat sûnt oktober in B&B yn Spanje, mar dy is no dus ticht. "We hienen op in bettere start hope. We hawwe fan oktober ôf hurd wurke. It gie perfekt, de boekingen gienen goed. En doe kaam dit. Dan stûket alles even", sa seit er.
De B&B is net it iennige dat stilleit. Ek syn âlde berop, it hurdfytsen, leit hielendal plat. Foarearst giet de Tour de France lykwols noch wol troch, ta grutte fernuvering fan Westra. "Wêrom soe de Tour trochgean moatte? Ik bin dêr hiel dúdlik yn. Ik snap ek net dat se dêr noch oer prate. Yn myn belibbing moatte se gewoan sizze dat it net trochgiet", seit Westra.
Merijn Bouma © Eigen foto
Foar Merijn Bouma is de lockdown noch in hiel stik dreger. Hy wennet mei syn gesin yn in lyts appartemint yn Barcelona. "Do meist dan noch wol nei de winkel, mar dy is tritich meter fan ús appartemint. Dus dat is mar in hiel lyts stikje om te rinnen. Foar de rest hawwe we noch in lyts balkontsje", seit Bouma.

Finansjele krisis

Ek syn bedriuw, hy is (fyts)gids yn de stêd, leit hielendal stil. "Finansjeel is dat in krisis. Elke dei dat ik net oan it wurk bin, komt der ek neat binnen. Se ha wol sein fan de oerheid út dat der help komt foar de selsstannigen. Ik ha juster al in berjochtsje stjoerd oan myn accountant oft hy al wat wist oer de stipe. Hy sei dat hy my dizze wike belje sil, dan hawwe we der kontakt oer. Dus dan is it wol dúdlik dat hy my noch neat tasizze kin", seit Bouma.
"Ik kin it no eins al net mear folhâlde. Ik ha no al jild fan myn heit en mem krigen sadat we noch wat dingen betelje kinne. En hjoed moatte we eins al de hier oermeitsje, mar dat slagget ek net. Dus we ha de ferhierder al in berjochtsje stjoerd", sa seit Bouma. "Ik hâld myn jild leaver foar de boadskippen."
Lieuwe Westra en Merijn Bouma oer harren situaasje yn Spanje