Johnny Jansen oer trochgean earedifyzje: "Het is wel iets heel groots waar we het over hebben"

03 apr 2020 - 14:06

De coronakrisis hâldt it betelle fuotbal bot yn de besnijing. Elke klup hat der wer syn eigen miening oer oft de earedifyzje no trochgean moat of net. Wy bellen mei SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen en praten mei him oer dizze rûzige tiden. Hoe hâldt hy kontakt mei syn spilers en wat fynt hy: trochfuotbalje of net?

We belje fia Skype mei Jansen, dy't thús yn Noardwâlde sit. De trainer fan SC Hearrenfean hat in pear kear op de klup west, mar sit foaral thús. "Ik verblijf heel veel binnen of ik reis naar mijn vriendin in Groningen. Ik stap zo nu en dan op de racefiets, dus ik verveel me niet, maar ik moet wel zeggen dat ik liever op de club ben."

Fia in oare fideobelapp hâldt Jansen syn spilers wat yn de gaten. Hy bellet sa no en dan mei harren en hat twa kear yn 'e wike in teamgearkomste mei alle spilers. "Wij hebben twee keer per week een groepsgesprek en zo houden we de spelers op de hoogte. Daarnaast heb ik met Sam Feringa (performance-manager, red.) met alle spelers een individueel gesprek gehad."

Horloazjes

De jonges hawwe in horloazje krigen fan de klup. Dêrmei kinne se sjen wat se kwa arbeid dwaan moatte: hoefolle se drave moatte, wat se oan krêfttraining dwaan moatte. "Sam kan dat vervolgens allemaal aflezen en ik moet zeggen dat het er allemaal goed uitziet."

De fraach is fansels wol yn hoefier de spilers smokkelje kinne. Sa moast Jansen bot laitsje doe't er in foto krige fan spiler Daniel Høegh, dy't it horloazje om de poatsjes fan syn hûn dien hie. Dochs dogge de manlju it goed. "Ze lopen normaal gesproken een mars-test. Daar zitten hoeken in, de hoeken van het veld, maar nu hadden ze grotere afstanden afgelegd. Dus ja, eigenlijk gaat het allemaal heel erg goed."

Trochfuotbalje of net?

Ek Jansen fynt it lestich om antwurd te jaan op de fraach oft de earedifyzje yn juny wer begjinne moat. "Ik sta daar heel dubbel in." Hy freget him ôf oft de klups noch wol fuotbalje moatte as er de ellinde om him hinne sjocht. "Maar als er clubs omvallen en mensen ontslagen moeten worden en het helpt als we toch weer kunnen voetballen, dan heeft dat mijn voorkeur. Maar het moet wel kunnen. Het is wel iets heel groots waar we het over hebben, dus die beslissingen moeten anderen maken."

Werom nei hûs

SC Hearrenfean hat in oantal bûtenlânske spilers. Jeugdspilers mochten earder al nei hûs. De spilers fan de earste seleksje meie, as se dat sels wolle, ek werom nei harren heitelân. Al ferskilt dat per spiler. "Chiddy (Chidera Ejuke, red.) heeft hier een vriendin en blijft gewoon in Nederland. Dat geldt ook voor Daniel Høegh. Maar Jens Odgaard,Rami Hajal en Ibrahim Dresevic zitten hier alleen."

De ploech hat dy jonges de mooglikheid jûn om werom nei hûs te gean de kommende twa wiken. Op 1 juny moatte se hjir wer wêze en nei dy datum wurkje se ta. "Zoals het nu staat naar 1 juni. Dat betekent dat we 28 april nieuwe informatie krijgen. Dan kijken of we misschien met groepjes mogen trainen, maar dat wachten we dus elke keer weer af."

(advertinsje)
(advertinsje)