Minne foarsizzingen foar bousektor: "Gjin ljocht oan de hoarizon"

03 apr 2020 - 13:43

De gefolgen fan de coronakrisis foar de boubedriuwen yn Nederlân binne de kommende jierren grut, neffens it Ekonomysk Yntitút foar de Bou. Der sille 40.000 banen ferlern gean en de omset giet mei 15 prosint omleech, yn jild útdrukt giet dat dan om 11 miljard euro. Steven Agricola fan Agricola Bouw yn Warns makket him dan ek soargen. "Dit is ús oerfallen, dat is in frjemd gefoel", seit hy.

Foto: Omrop Fryslân

In ûndernimmer yn de bou is fansels wol wat wend, mar neffens Agricola giet dit fierder dan it normale bedriuwsrisiko. "As der in dikke winter komt, lizze je der ek ien of maksimaal twa wiken út. Dat is in kear te oersjen en dat kinne je wol ha. Dat heart ek by it normale bedriuwsrisiko en dêr sil ek gjinien moeilik oer dwaan. Mar no is der gjin ljocht oan de hoarizon", seit de ûndernimmer.

Dat betsjut dat hy foarearst gjin wurk hat foar syn ZZP'ers, payroll-meiwurkers en sels hast net foar syn eigen personiel. Agricola tinkt lykwols wol dat syn bedriuw de krisis oerlibje sil. "Wy binne in sûn bedriuw. Wy hawwe in prima oarderportefúlje. No is it in flink stevige dip, mar dat kinne wy gewoan ha. Ik ferwachtsje dat de projekten dy't no útsteld binne nei de boufak wer ynhelle wurde. Dus it kin wêze dat we it nei de boufak gewoan drok ha."

Soargen oer 2021

Oer it nije jier makket Agricola him lykwols mear soargen. "De graadmjitter foar boubedriuwen is úteinlik de oarderportefúlje fan arsjitekteburo's. Ik bin wol hiel nijsgjirrich hoe't dy portefúljes derútsjogge yn juny en july. As dy dan leech binne, dan sille wy dat in heal jier of jier letter fernimme", sa seit Agricola.

Steven Agricola oer de noed yn de bousektor

(advertinsje)
(advertinsje)