Dokters meitsje har soargen oer pasjinten dy't slimme klachten negearje

De Fryske sikehûzen merke dat it opfallend rêstich is op de ôfdielingen dêr't gjin coronapasjinten behannele wurde. Op bygelyks de ôfdieling kardiology en op de Spoedeisende Hulp komme minder minsken binnen. Dokters meitsje har der soargen oer dat minsken mei earnstige klachten fuortbliuwe, om't se benaud binne om nei it sikehûs te kommen fanwege it coronafirus en dat soarget foar gefaarlike situaasjes.
Dokters meitsje har soargen
"We zien nu in het MCL en andere ziekenhuizen een forse afname van patiënten die zich melden op de Spoedeisende Hulp en de poliklinieken", seit Jelle Stekelenburg, gynekolooch yn it MCL. Dat is neffens him foar in part te ferklearjen trochdat minsken minder sporte en der minder auto-ûngelokken barre. "Maar deels is dat ook niet te verklaren."
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Stekelenburg heart fan kardiologen en neurologen yn syn omjouwing dat der pasjinten by harren binnenkamen dy't al langer mei in harsen- of hertynfarkt omrûnen. Dat is hiel gefaarlik, want dat kin liede ta ûnwerstelbere skea. "Als je direct komt, kan daar nog wat aan gedaan worden." Ek froulju dy't yn ferwachting binne, moatte neffens Stekelenburg gewoan delkomme foar harren kontrôles.
Jelle Stekelenburg © Omrop Fryslân
Elkenien yn Nederlân wurdt oproppen om safolle mooglik thús te bliuwen, mar minsken lykje dat yn guon gefallen wol hiel letterlik op te folgjen. "De boodschap dat als je een serieuze aandoening hebt, je wel contact op moet nemen met de zorgverlener, is niet goed doorgekomen. En dat moet worden gecorrigeerd", seit Stekelenburg.
De dokters wolle minsken op it hert drukke dat se gewoan de húsdokter of it sikehûs belje moatte as se klachten hawwe. Stekelenburg: "We zorgen er ook voor dat alles zo veilig mogelijk is als ze daarheen moeten. We doen er alles aan om besmetting in de ziekenhuis te voorkomen en we hebben genoeg personeel om hen op te vangen."
Jelle Stekelenburg, gynekolooch yn it MCL