GGD: Twa deaden en fjirtjin nije coronabesmettingen

03 apr 2020 - 12:27

Yn Fryslân binne der nochris twa persoanen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Dat hat de GGD freed bekend makke. Yn totaal binne der yn Fryslân no fjirtjin minsken ferstoarn oan corona. Der binne de ôfrûne dei yn totaal fjirtjin nije minsken posityf test op it firus. Dat binne der fjouwer minder as tongersdei.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De ferwachting is dat it tal besmette gefallen fan moandei ôf hurd oprinne sil fanwege nij testbelied. "Vanaf maandag hebben we de mogelijkheid om meer testen te doen. We gaan dan meer zorgpersoneel testen zodat we er sneller bij zijn bij mensen die met kwetsbare mensen werken", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

De GGD is neffens De Graaf klear foar dat nije belied. "We zijn in gesprek geweest met ons laboratorium. Zij zetten een grotere bemonsterlocatie op", sa seit se. It is lykwols net sa dat elkenien no yn oanmerking komt foar in test. "Het heeft geen enkele zin om daarheen te gaan. De manier om getest te worden is via de eigen huisarts of via de bedrijfsarts."

Thúsbliuwe mei it moaie waar?

Der is foar it kommende wykein moai waar foarsein, mar De Graaf freget de minsken dochs om sa folle as mooglik binnen te bliuwen. "Voor het hele land geldt, ga niet naar buiten als het niet hoeft. Reisbewegingen zijn niet goed voor de verspreiding", seit De Graaf.

Mar wat no as je earne in húske of in caravan hawwe? "Dan heb je gewoon je eigen sanitair en dergelijke. Wie ben ik dan om te zeggen dat dat niet mag", seit De Graaf. "Maar het wordt ontmoedigd om een weekendje weg te boeken."

Margreet de Graaf fan de GGD oer de nije sifers en it nije testbelied

(advertinsje)
(advertinsje)