Utferkocht hûs en steande ovaasjes by Ergie's etalaazjeteäter yn Weidum

03 apr 2020 - 11:50

Elke foarstelling is útferkocht, einiget mei in steande ovaasje en de tarin soarget foar opstoppingen yn Weidum. Sûnt koart is dêr nammentlik Ergie's etalaazjeteäter. Ergie Wäggedan jout elke jûn efter in rút in pear ultrakoarte foarstellingen wêryn't hy in tal hiel spesjale trúks docht.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It publyk stiet by de foarstelling op strjitte en der meie fanwege de coronamaatregels maksimaal twa minsken tagelyk oanwêzich wêze. "De trucs heb ik speciaal voor deze voorstelling bedacht, want ik kan niet praten", seit Ergie. "Ik doe trucs met kaarten, touwen, elastiekjes en met geld natuurlijk. Iedere dag moet ik van twintig euro, vijftig euro goochelen. Daar leef ik van, dat is mijn werk", laket er.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Neffens Ergie is it etalaazjeteäter ûntstien troch syn 'manager' Inez Timmer. "Wy wienen hjir al langer dwaande mei thústeäter. Dêr dienen we ek al wat dingen mei syn gûchelpraktiken", seit Timmer.

De minsken yn it doarp binne neffens Timmer entûsjast oer it barren. "It is geweldich. Juster krige hy in hiele pûde mei sûkelade en pinda's en sa no en dan falt der ek wat jild yn de brievebus. Mar dat hoecht hielendal net. It giet der om dat we bydrage oan in positivere atmosfear. Dat wêr't wy goed yn binne, minsken fermeitsje, dat wy dat ek dogge", sa seit Timmer.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries reizge ôf nei Weidum foar de foarstelling

(advertinsje)
(advertinsje)