Yn pear dagen al 10.000 'coronaflaggen' ferkocht

03 apr 2020 - 11:49

Fan de spesjale reade flagge dy't de Dokkumer Flaggesintrale útbrocht hat, binne der yn in pear dagen al 10.000 ferkocht, oan bedriuwen mar ek oan partikulieren. Wa't de flagge wapperje lit, lit syn wurdearring sjen foar de minsken yn krúsjale beroppen.

Foto: Dokkumer Vlaggencentrale

De ferkeapen hawwe no al sa'n 25.000 euro oplevere foar it Reade Krús. Neffens de flaggefabrikant is it sukses grutter as it WK fuotbal yn 2010, doe't foar de finale in spesjale flagge útbrocht waard. "Wij zijn bijzonder trots dat straten rood beginnen te kleuren en dat er op deze manier waardering wordt gegeven aan de mensen die onze samenleving draaiende houden in tijden van de coronacrisis", seit direkteur Robert-Jan Hageman fan de Flaggesintrale.

Under mear soarchynstellings hawwe de flagge al hyst. Ek it Reade Krús is bliid mei de aksje. "De vlag toont duidelijk aan dat er behoefte is aan een uiting van waardering voor alle mensen die actief bezig zijn om dit virus te bestrijden. Daarnaast geeft het een gevoel van trots en saamhorigheid", seit in wurdfierder.

(advertinsje)
(advertinsje)