Gemeente Meppel lûkt 250.000 euro út foar ferbreding slûs Koarnwertersân

03 apr 2020 - 11:02

De gemeente Meppel wol 250.000 euro ynvestearje foar ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Dat meldt RTV Drenthe. De slûs is mei 14 meter no net breed genôch foar grutte skippen en dat hat gefolgen foar it skipfeartferkear nei Noard-, East- en Midden-Nederlân, wêrûnder dus de gemeente Meppel.

De slûs fan Koarnwertersân is hjoeddedei foar in soad skippen te smel - Foto: Omrop Fryslân

Neffens boargemaster Richard Korteland kinne der tûzenen banen ûntstean troch de ferbreding fan de slûs.

Yn 2027 moat start wurde mei de ferbreding fan de Koarnwertersânslûs. Yn totaal wurdt der troch gemeenten en provinsjes 225 miljoen op it kleed lein. Bedriuwsynvestearringen binne dêryn noch net meinaam. Dy kinne nochris 110 miljoen ekstra opleverje. Dêrfan is yn elts gefal al 26,5 miljoen euro binnenhelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)