Farmers Defence Force oerwaget nei de rjochter te stappen

03 apr 2020 - 09:52

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) oerwaget de stap nei de rjochter, as it kabinet net om lyk wol. Earder dizze wike hawwe de boeren fierdere petearen mei it kabinet ôfsein, om't se dêr gjin heil mear yn sjogge. Se fine dat it kabinet net harket en syn eigen aginda trochdrukke wol.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It Ryk wol dat de boeren it feefoer oanpasse, om de stikstofútstjit te ferminderjen, mar FDF seit dat dat bistelibbens kostje sil, om't it foer net geskikt is foar fee. Neffens FDF-wurdfierder Sieta van Keimpema ûntbrekt it oan kennis by de polityk: "It kabinet moat him net mei it fuorjen bemuoie, dêr hawwe se gjin ferstân fan. De RVO (Rijksdienst voor Ondernemend Nederland, red.) sjocht nei siferkes en dy wolle se rûn krije op papier, mar wat dat betsjut foar de bedriuwsfiering en bistesûnens stiet op in leger plan."

It kabinet wol de maatregels twingend oplizze, neffens Van Keimpema. "As we dêr net oan foldogge, is it in ekonomysk delikt. Dat hâldt yn dat der strang straft wurdt en dat giet fiersten te fier." Neffens foeraazjehannelers dêr't de boeren mei gearwurkje, binne de plannen fan Schouten djoer en sille se problemen opleverje foar de bistesûnens. Van Keimpema: "Dus der binne genôch redenen om te sizzen dat de plannen fan de minister net doge."

Foar't se eventueel nei de rjochter stappe, wol it Landbouw Collectief, dêr't FDF mei ferskate oare boerebelange-organisaasjes yn sit, mei de polityk yn petear. "De polityk hat eins gjin idee wêr't it op stikken rûn is. Dy minsken moatte wy earst ris hiel goed byprate oer wêr't it no op hinget. En dat is dat de minister it wichtiger fynt om har eigen plannen troch te drukken."

Sieta van Keimpena fan Farmers Defence Force

(advertinsje)
(advertinsje)