Fideodeiboek Klaas Bouke Faber: "In ekstra druk foar neibesteanden"

Wa mei wol en wa mei net op in útfeart komme? Klaas Bouke Faber fan it ôfskiesintrum Andringastate yn Marsum sjocht as aulameiwurker dizze dilemma's yntusken faak. Want der meie net mear as tritich gasten wêze. Hy fertelt hjiroer yn it fideodeiboek dat hy makke hat foar it projekt 'Berjochten út it Hert'. Mei in netwurk oan minsken út de hiele provinsje lit Omrop Fryslân fan binnenút sjen wat der spilet.
VLOG Klaas Bouke Faber
Klaas Bouke Faber of de oare vloggers folgje? Dat kin fia dizze dossierside.