Automobilist ferwûne by botsing mei frachtwein

03 apr 2020 - 07:27

By in botsing freedtemoarn by Hallum tusken in persoane-auto en in frachtwein is de bestjoerder fan de persoane-auto slim ferwûne rekke. Hy is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: AS Media

It ûngelok fûn freedtemoarn om kertier oer seizen hinne plak op de krusing fan de Doniawei mei de Ljouwerterdyk (N357) by Hallum. Troch de klap kaam de persoane-auto op it dak telâne. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net dúdlik.

Sawol de auto as de frachtwein rekken skansearre. In berger is oproppen om se fuort te heljen.

(advertinsje)
(advertinsje)