Coronanijs freed 3 april: 98 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen, wêrfan 26 op IC

03 apr 2020 - 22:53

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne de ôfrûne 24 oeren twa minsken ferstoarn oan it firus yn Fryslân, dêrmei stiet it oantal stjergefallen op 14;
  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 172 minsken posityf test op it firus;
  • Der leine freed 26 coronapasjinten op de intensive care en nochris 72 op oare ôfdielingen yn de sikehuzen;
  • Skoallen en hoareka bliuwe ticht oant en mei 28 april;
  • It betelle fuotbal leit stil oant 1 juny;
  • Hearrenfean wol nei 1 juny trochspylje en de kompetysje útspylje, Ajax wol takom seizoen wer begjinne;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart hoefolle minsken mei coronafirus der op dit stuit yn it sikehûs lizze (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:48
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 3 april oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • Der binne wer twa minsken yn Fryslân stoarn oan it firus. Dêrmei komt it totale tal stjergefallen op 14. Yn ús provinsje binne oant no ta 172 minsken posityf test op it firus;
  • Der leine freed 26 coronapasjinten op de intensive care en nochris 72 op oare ôfdielingen yn de sikehuzen. De 98 pasjinten yn de sikehuzen binne twa mear as tongersdei;
  • Sikehuzen en húsdokters fernimme dat minsken op it stuit huverich binne om nei de dokter te gean. Dat is net nedich, sizze se. De oare soarch giet safolle mooglik troch, dus minsken moatte net benaud wêze om har te melden as der wat is.
  • Genietsje fan de sinne, mar doch dat yn de tún of op it balkon. Dy oprop dogge premier Rutte, Steatsboskbehear en Natuurmonuminten. Beide natuerorganisaasjes wolle foarkomme dat it kommend wykein mei it moaie waar te drok wurdt yn natuergebieten.
  • By it Ljouwerter laboaratoarium Izore is it nije testsintrum yn oanbou. Dêr kin soarchpersoniel ynkoarten test wurde.
  • It festival Oerol op Skylge giet definityf net troch. As de organisaasje dat beslút no net nimme soe, soe dat it fallisemint betsjutte, seit direkteur Siart Smit.
22:43
Digitale Steaten

Provinsjale Steaten fergaderje op 22 april foar it earst folslein digitaal. Dat kin omdat de ministerried ein maart ynstimd hat mei it 'spoedwetvoorstel digitale beslútfoarming'. It doel dêrfan is om provinsjes, gemeenten en wetterskippen tydlik in alternatyf te bieden om sawol byinoar te kommen as digitaal besluten te nimmen. Troch it coronafirus is dat lêste no it gefal.

21:59
'Langetermynminister'

Foar grutte problematyk lykas de coronakrisis soe er in minister komme moatte foar de lange termyn. Dat seit Klaas Sietse Spoelstra, fan berop nei eigen sizzen 'veranderaar', yn It Polytburo - Fryslân Moarn.

20:03
Hans de Boer langer foarsitter

Hans de Boer bliuwt langer foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. De âld-Wytmarsumer soe op 1 july opfolge wurde troch Ingrid Thijssen, mar troch de coronakrisis wurdt dat no ein septimber.

20:02
Fideodeiboek wykferpleechkundige Zoë Luchtmeijer
18:40
Gewoan belje

Gewoan belje as der wat is, seit húsdokter Karin Groeneveld. Húsdokters fernimme dat minsken mei klachten langer wachtsje om kontakt op te nimmen. "Als ze dan bellen zeggen ze: 'Sorry, ik weet dat jullie het heel druk hebben. Sorry dat ik je lastigval."

18:09
Coronakaart Fryslân
17:23
98 coronapasjinten

Der leine by de mjitting fan freedtemoarn 98 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dat binne der twa mear as in dei earder. It tal pasjinten op de intensive care wie freedtemoarn 26.

It Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ) seit ek dat der genôch kapisiteit is foar de oare needsaaklike soarch. "Sommige mensen vragen zich af of ze nog wel bij de huisarts of in het ziekenhuis terecht kunnen met klachten die niets met COVID-19 te maken hebben. Het antwoord op deze vraag is 'ja'", skriuwt it ROAZ. "Mensen met gezondheidsklachten kunnen te allen tijde contact opnemen met hun huisarts, doktersdienst, behandelend specialist of, bij levensbedreigende situaties, bellen met 112. Huisartsen en specialisten bepalen aan de hand van de klachten en in overleg met de patiënt of zorg op dit moment noodzakelijk is en zo ja, hoe deze het beste gegeven kan worden."

Coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

IC net-IC
Freed 27/03 18 81
Sneon 28/03 26 77
Snein 29/03 28 76
Moandei 30/03 31 73
Tiisdei 31/03 28 81
Woansdei 01/04 28 65
Tongersdei 02/04 27 69
Freed 03/04 26 72
17:20
"Brêgen beheind iepen foar boatsjeferkear"
17:06
24 oeren deis berne-opfang

Yn Ljouwert is in berne-opfanglokaasje ynrjochte dêr't 24 oeren deis bern opfong wurde kinne. De lokaasje is bedoeld foar bern fan op syn minst ien heit of mem mei in krúsjaal berop. Dy kinne der bern dêr fergees bringe, ek as se normaal gjin gebrûk meitsje fan de opfang. De lokaasje leit tsjinoer it MCL. De needopfang wurdt oanbean salang't de coronakrisis duorret.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)