Grien ljocht foar proef mei in walfiskkadaver op it Waad

03 apr 2020 - 06:00

As der wer in deade walfisk oanspielt by it Waad, kin dy ek yn it Waad stadichoan fergean. Alle partijen dy't dêroer gean, fine it in goed idee om dêr in proef mei te hâlden. Al jout de krekte útwurking dêrfan úteinlik de trochslach en binne der wol betingsten.

Sa moat de walfisk op in plak lizze dêr't it kadaver ûnder wetter bliuwt, omdat it oare libben yn it Waad dêr it measte oan hat. Want sa'n grut seesûchbist kin wolris in grutte bonus betsjutte foar bygelyks oare fisken, mar ek lytsere organismen. Dy wearde foar de natuer is ek de wichtichste reden foar dizze proef. In oare betingst is dat it deade seesûchbist net foar oerlêst soargje mei en dat de lokaasje net tagonklik is foar besikers.

Edukaasje

Der wurdt wol sjoen nei middels om fan ôfstân ien en oar te folgjen. "We willen heel graag het verhaal vertellen. Dus we zullen naar technieken zoeken met camera's en misschien ook wel geluidsopnames of een timelapse van foto's waarmee je het kan volgen in bijvoorbeeld een bezoekerscentrum of op andere plekken", seit projektlieder Michiel Firet fan it 'Programma naar een Rijke Waddenzee'. Want net allinnich wittenskippers moatte derfan leare. Edukaasje fan gruttere groepen minsken is ek in wichtich doel, sa seit Firet: "Net zoals we in het bos zeggen 'dood hout leeft' is het ook belangrijk om te weten dat ook dit onderdeel is van de Nederlandse natuur."

Sa kin it der ûnderwetter útsjen - Foto: Michael Rothmann, Programma naar een Rijke Waddenzee

Walfisk ferslepe

It plak dêr't de walfisk komt te lizzen, moat de fiskerij net yn it paad sitte. De plakken dêr't potinsjeel in walfisk oanspiele kin, lizze eins altiten oan de Noardseekant fan de Waadsee. En dy plakken foldogge net oan de easken foar de proef. Yn de praktyk betsjut soks dat de walfisk nei in oar plak sleept wurdt dat wol oan de betingsten foldocht. Der is ferline jier sjoen oft dy plakken der foldwaande binne en dy binne der ek. Mar der is no noch gjin definitive kar makke.

Michiel Firet: "Er zijn een aantal plekken waar we iets meer naar hebben gekeken, maar we hebben helemaal nog geen keuze gemaakt. En als je op zo'n plek zelf bent, ziet het er altijd anders uit. Dus ik denk dat we ook op dat moment heel nauwkeurig metingen moeten doen naar stromingen en diepte. Verder moeten we ook weten hoe die plek zich in de loop der jaren ontwikkelt."

It ferslepen fan in walfisk nei sa'n plak is wol in breuk mei it besteande walfiskprotokol. Firet: "Op het moment dat je het volgens het Walvisprotokol moet opruimen, heb je straks de keuze: breng ik hem naar de Rendac in Sumar of breng je hem naar een mooie plek op de Waddenzee waar de walvis wat kan betekenen voor de natuur en de wetenschap."

In deade potfisk yn de haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dan noch stiet eltse walfiskstrâning op himsels en binne der saneamde 'go'- en 'no-go'-mominten yn de hiele oanpak foar de autoriteiten. Fierders kin it foarkomme dat in walfisk hielendal net te ferslepen is omdat er te grut is of dat it kadaver al te fier hinne is foar soks. En it kin om in hiele seldsume soart gean wêrby't it wittenskiplik ynteressanter is om de fisk sels te ûndersykjen yn stee fan de gefolgen fan in deade walfisk op de omjouwing.

Saakkundigen binne lykwols op de achtergrûn al langer dwaande nei te tinken oer in nije oanpak. De opset dêrfan wurdt lutsen troch it 'Programma naar een Rijke Waddenzee'. Dat is in soarte fan netwurkorganisaasje dy't nije inisjativen opstart en stipet dy't goed binne foar de Waadnatuer en in duorsume ûntwikeling fan de ekonomy yn it gebiet.

Definityf beslút komt noch

De útfiering fan de proef leit yn hannen fan Rijkswaterstaat en it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij. De belutsen gemeenten binne ferantwurdlik foar de iepenbiere oarder en de natuerbehearders soargje mei alle oare partijen foar de hânhavening en it foarmjen fan in wittenskiplike kommisje.

Yn de rin fan dit jier moat der in definityf plan lizze wêryn't stiet wat der krekt barre moat. Dêrnei kin definityf besluten wurde oft it plan ek útfierd wurde kin. En fansels is it dan wachtsjen op in walfisk dy't oanspielt.

Projektlieder Michiel Firet fan it Programma naar een Rijke Waddenzee

(advertinsje)
(advertinsje)