Twongen ferhuzing fan pasjinten ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean

02 apr 2020 - 20:10

Trettjin bewenners fan de ôfdieling Blommenfjild yn ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean moatte plakmeitsje foar de opfang fan âldere minsken dy't besmet binne mei it coronafirus. It giet om minsken dy't dêr palliative soarch krije. Guon famyljeleden binne ferbjustere. Se fine it nuver dat krekt dizze groep dy't dêr yn de lêste faze fan har libben sitte no ferhúzje moatte.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

De mem fan Lilian Braaksma is ien fan de minsken dy't dêr leit. Se sjocht bot op tsjin de oansteande ferhuzing. Lilian Braaksma: "Voor haar en de medebewoners is dit een groot drama. Ze leven al in angst en zijn al afgesloten van contact. Dan krijg je te horen dat je binnen zes dagen moet verhuizen."

Famyljeleden en mantelsoargers meie net helpe. De bewenners meie op de dei fan de ferhuzing ek net nei oaren ta. "Dan worden al je spullen waar je zo vertrouwd mee bent door verhuizers en verzorgers ingepakt en weggehaald. Dat doet pijn."

Yngripend en ferfelend

Matthijs Bergsma fan de soarchgroep Alliade, dêr't it ferpleechhûs ûnder falt, begrypt de frustraasje. "Ik begrijp heel goed dat dit pijn doet. De keuze die we maken is heel vervelend en ingrijpend. Maar we kunnen niet anders. Hier gaat het grote belang, de opvang van mensen met corona, voor het individuele belang."

Der komt by dat de Ryksoerheid wol dat der op ferskate plakken yn it lân ôfdielingen ynrjochte wurde foar de opfang fan minsken mei corona: "Wij zijn genoodzaakt capaciteit klaar te hebben voor de komst van deze groep", sa seit Bergsma.

Oude bomen niet verplaatsen

Lilian Braaksma tinkt dêr oars oer: "Er staan hotels leeg. Waarom breng je de patiënten daar niet onder? Daar is genoeg ruimte. De overheid wil de kwetsbare ouderen tegen corona beschermen en dan jaag je ze zelf de dood in door ze gedwongen over te plaatsen. Oude bomen moet je niet verplaatsen, zeggen ze wel eens. Dat geldt zeker voor deze groep."

Soarchgroep Alliade wie al fan doel de ôfdieling te sluten: "Er stond voor later dit jaar al een verhuizing gepland. De afdeling Blommenfjild wordt gesloten. Dat hebben we nu naar voren gehaald. Begrijp wel dat we nu in een ongelooflijk zware crisis zitten. Dat vergt ontzettend veel van iedereen. Keuzes die we maken doen pijn."

(advertinsje)
(advertinsje)