Coronamaatregels yn finzenis: minder sport en ekstra beltegoed

Yn de finzenissen is it ek te fernimmen dat der in coronakrisis is. Ien detinearde en trije tbs'ers yn de Nederlânske finzenissen hawwe it firus ûnder de lea. Yn de finzenis jilde njonken it algemiene advys fan it RIVM - hanwaskje, ôfstân hâlde en prúste of hoastje yn de earmtakke -, ek noch oare maatregels. Sa meie finzenen gjin besite krije, mar der binne mear oanpassings.
© ANP
Ien dêrfan is dat de finzenen iPads krije sadat se skype kinne en ekstra beltegoed yn kontakt te bliuwen mei it thúsfront. Fan it begjin ôf oan hawwe de finzenissen maatregels naam tsjin fersprieding fan it coronafirus. Der binne no gjin ekstra maatregels needsaaklik, seit plakferfangend fêstigingsdirekteur Harry Lefferts fan de PI Ljouwert, ek wol bekend as De Marwei.

Aparte groepkes

De sfear is rêstich, neffens Lefferts, mar it binne net de omstannichheden dêr't jo om freegje. De finzenen wurde yn lytse, aparte groepkes hâlden, sadat de kâns op ferprieding fan it firus lytser is. Der binne minder aktiviteiten en it jûnsprogramma is kommen te ferfallen.

Oerlis mei detineardekommisje

Om alles yn goede banen te lieden hat de direksje alle dagen kontakt mei de detineardekommisje. De sport giet foar in diel wol troch, al is it minder as earder. De finzenen gean no yn lytsere groepkes nei bûten om te luchtsjen. As detinearden dochs siik wurde, moatte se apart bliuwe en as it slim wurdt, wurde se oerbrocht nei it sikehûs.
Plakferfangend fêstigingsdirekteur Harry Lefferts fan de finzenis yn Ljouwert