Gjin ekstra maatregels op Waadeilannen: "Pas verboden instellen als dat nodig is"

02 apr 2020 - 18:53

Der komme gjin ekstra maatregels om toeristen fuort te hâlden fan de Waadeilannen. Dat seit foarsitter Buma fan de Veiligheidsregio Fryslân. Der binne hast gjin boekingen en ekstra easken binne net needsaaklik, omdat de minsken harren goed hâlde oan it advys fan it RIVM.

Foto: Wikimedia Commons

"Het beeld is dat er nu eigenlijk alleen maar annuleringen zijn en geen boekingen. Dus wat we willen bereiken, dat bereiken we ook", seit Buma. "Je moet pas extra verboden instellen als dat nodig is. Dus we blijven dat monitoren. Op dit moment is de situatie in heel Fryslân, ook op de eilanden, goed te beheersen."

Sybrand Buma oer de maatregels

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân wol noch wol ûnderstreekje dat nettsjinsteande dat er gjin ferbod is, it net de bedoeling is dat minsken nei it eilân komme. "Gasten kunnen het coronavirus meenemen naar het eiland en dat er onnodig beroep moet worden gedaan op de medische voorzieningen op het eiland. Daarom ben ik wel blij met het advies van de regering en de Veiligheidsregio: ga niet op reis als het niet nodig is", seit Stoel.

De boargemaster begrypt dat dit ekonomyske skea mei him meibringt, mar dat is foar letter. "Het is heel erg rustig en dat is een enorme tegenvaller voor ondernemers op het eiland, maar economische schade is makkelijker te repareren dan gezondheidsschade", sa seit Stoel.

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân

(advertinsje)
(advertinsje)