Plysje: Drugslab soarge foar 'gefaarlike sitewaasje' yn Langwar

02 apr 2020 - 16:57

De plysje hat de hiele dei dwaande west mei it ûntmanteljen fan in drugslab, yn in pleats by Langwar. It is noch net dúldik watfoar drugs oft der krekt produsearre waarden, of hoefolle, mar de plysje meldt wol dat it om syntetyske drugs giet.

It drugslab yn Langwar - Foto: CAMJO Media

Neffens de plysje is de produksje en de opslach fan syntetyske drugs gefaarlik.

Der is ien persoan oanholden yn dizze saak. Dat is in 63-jierrige man. It ûndersyk fan de plysje is noch net klear. In plysjewurdfierder wol net sizze hoe't se it drugslab op it spoar kommen binne.

It lab waard woansdei oantroffen, yn in pleats oan de Pontdyk krekt bûten Langwar. Doe melde de plysje al dat it ûndersyk nei alle gedachten in pear dagen duorje soe. Doe't de plysje de ynfal die, is de fertochte oanhâlden.

Minsken dy't tips ha oer soksoarte kriminele aktiviteiten, wurde oproppen om dat by de plysje te melden, of anonym by Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
drugs Langwar
(advertinsje)
(advertinsje)