96 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen, 27 fan harren lizze op intensive care

Der lizze op it stuit 96 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Fan har lizze 27 minsken op de intensive care, meldt it Regionaal Orgaan Acute Zorg.
© ANP
Yn alle sikehuzen yn it noarden mei elkoar lizze no 253 coronapasjinten. In lytse hûndert lizze op de IC. Yn in dikke hûndert gefallen giet it om minsken út oare regio's. It tal pasjinten dat yn it noarden opnaam wurdt, rint de lêste dagen werom.
De ferwachting is dat it tal pasjinten de kommende tiid tanimme sil. Dêrom wurdt yn it noarden noch altiten wurke oan de útwreiding fan it tal ic-bêden en it personiel dat der wurket. Op it stuit is der dus noch kapasiteit genôch.