Bern hingje nêstkastkes by Twizel op tsjin ikeprosesjerûpen

02 apr 2020 - 15:08

Ofgryslike jokte, oeral reade útslach en opsette eagen: de oerlêst fan de ikeprosesjerûp wie ôfrûne jier útsûnderlik grut. Dêr hat Pyt van de Polder, frijwilliger fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden wat op betocht. Hy hinget yn gearwurking mei bern yn Twizel nêstkastkes foar miezen op.

"Dy mieskes dy't dêr ynkomme ite de rûp. Dêr binne se gek op. Oare fûgels ek wol, mar de mies foaral", seit Van de Polder. Op dizze wize kin de rûp dus op natuerlike wize bestriden wurde.

Van de Polder wûn ôfrûne jier in priis foar syn frijwilligerswurk by de Noardlike Fryske Wâlden. It bedrach dat dêroan keppele wie, hat hy ynvestearre yn de nêstkastkes.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei de inisjatyfnimmer Piet van de Polder

De kastkes hingje ûnder mear op it lân fan Hans Veenstra. Hy hat de kastkes mei syn bernsbern ophongen. "Prachtich, moaier is der dochs net. Fyftich hokjes hjir troch it lân hinne, wat wolle je noch mear. Mei de jeugd der by del, dat is in lust", seit Veenstra.

Nêstkastke yn Twizel - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Bernsbern

Syn bernsbern Hans, Hans, Wietske en Wietske hawwe de kastkes fan in kleurke foarsjoen. "Dat wie in leuk wurkje en mei-inoar is dat gesellich", sizze Wietske en Wietske. "Dêr ha we wol in pear dagen mei dwaande west", sizze Hans en Hans.

Van de Polder is bliid dat de bern it sa moai fine. "Wie it mar op mear plakken sa, dit is no krekt it doel dêr't wy nei ta wolle", sa seit Van de Polder.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei de bern dy't de kastkes skildere hawwe

(advertinsje)
(advertinsje)