Waadferiening optein oer moasje foar advys oer kontrolearre mynbou

De Waadferiening is optein oer it feit dat in moasje fan de ChristenUnie, D66 en GrienLinks yn de Twadde Keamer oannommen is. Dy hâldt yn dat it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat in ûnôfhinklik advys meitsje litte moat oer de gefolgen fan kontrolearre mynbou.
De Waadsee by nacht © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Oant no ta is de minister ek wol advisearre troch ynstellingen dy't ek wolris in opdracht útfiere foar in mynboubedriuw dat sels belangen hat by it nei boppen heljen fan bygelyks sâlt of gas.
It giet om saneamde kontrolearre mynbou, ek wol 'mei de hân oan 'e kraan' neamd. De Waadferiening hopet dat it ministearje foarearst gjin fergunningen ferliene sil foar nije mynbouprojekten lykas sâltwinning by Harns of it omheech heljen fan ierdgas by Ternaard.