Waadboargemasters oerlizze oer maitiids- en Peaskedrokte

Foar de boargemasters fan de Waadeilannen wurdt it kommend wykein spannend. Sil it stoarm rinne as it kwik oprint en de maitiid echt losbarst? Of hâldt elkenien him oan de oprop fan premier Rutte om safolle mooglik thús te bliuwen en sa min mooglik troch it lân te reizgjen? De Waadboargemaster bringe harren soargen yn op in oerlis fan alle Fryske boargemasters, tongersdeitemiddei op It Hearrenfean.
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dat oerlis stie al pland, mar ek dêr giet it oer de soargen dy't de boargemasters fan de fiif Waadeilannen hawwe. Heal maart rôpen sy toeristen al op om net nei it Waad te kommen. Ut eangst foar besmetting, en út eangst om net genôch help biede te kinnen as ynwenners fan de eilannen slim siik wurde. Oant no ta binne der allinnich op Teksel coronapasjinten en yntusken ek in coronadeade. Op de oare eilannen foarearst net.
It oerlis op It Hearrenfean duorret oant de ein fan de middei. Dan wurdt dúdlik oft der noch ekstra maatregels naam wurde of dat de oprop fan premier Rutte fan ôfrûne moandei genôch wêze sil om it Waadtoerisme yn betwang te hâlden.