Noed by iepenloftswimbad Mounewetter: "Dit kinne we nea mear ynhelje"

It wurdt dit wykein moai waar en by guon begjint it dan te kribeljen; lekker swimme yn it bûtenbad. Mar de swimbaden bliuwe oant 1 juny ticht. En dat hat grutte gefolgen foar de ynkomsten fan de swimbaden, benammen om't se it ha moatte fan dizze kommende moannen. Joke van der Vliet fan swimbad Mounewetter yn Wytmarsum makket har soargen. "We kinne dit nea mear ynhelje."
Swimbad Mounewetter © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It iepenloftswimbad yn Wytmarsum soe op 25 april wer iepen gean, mar dat sil fanwege de coronamaatregels net slagje. "Dat kostet ús fansels in hiel soad jild. De abonneminteferkeap skeelt al 70.000 euro. Dat we dan allegear noch yn juny sjen moatte yn te heljen. Ik tink net dat dat mooglik is", seit Van der Vliet.

Swimlessen, aquajoggers en baantsjeswimmers

It swimbad hat gewoanwei gemiddeld 300 oant 400 besikers op in dei. "Swimlessen, aquajoggers, baantsjeswimmers. Dy misse allegear harren aktiviteit. Dat is hiel spitich. Der binne minsken fan 60, 70 en 80 jier dy't hjir elke moarns te swimmen komme. Dat kin no net mear", seit Van der Vliet.
It bestjoer fan Mounewetter is drok op syk nei in oplossing. "As it yn septimber noch in moaie moanne is, miskien kinne we dan noch wat langer iepen bliuwe", sa seit Van der Vliet.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by swimbad Mounewetter