Friezinne Froukje Nijholt siet fêst yn Nepal

In soad Nederlanners dy't op it stuit yn it bûtenlân binne en werom nei hûs wolle, hawwe gjin idee oft en wannear't dat kin. Dat jildt ek foar Froukje Nijholt fan It Hearrenfean. Sy is trije wike lyn nei Nepal gien, yn it ramt fan in helpferlieningsprojekt foar Nepaleeske studinten.
© Omrop Fryslân
Nijholt komt der al jierren en trije wike lyn wie der yn Nepal it measte noch net oan de hân. Mar Froukje kaam al gau fêst te sitten. "Myn dochter is foar it earst yn Nepal. Wy soene allerhanne dingen besjen, mar dat kin no net. Mar dêr lizze wy ús by del. Wy hawwe yn Nepal neffens de offisjele sifers fiif besmettingen. Mar dat is op papier, mar ik tink dat der wol mear binne. Ut Yndia wei wurdt ek in eksploazje ferwachte oan coronabesmettingen," seit sy.
Sa'n njoggen dagen lyn is der in lockdown ynfierd. Nijholt: "Dêrtroch kinne wy net alle projekten dwaan dy't wy woene. In part fan de projekten is yn it skoalgebiet dien, mar ôfrûne wike soene foar kompjûterprojekten sertifikaten oan slagge studinten jûn wurde. Dat is net trochgien. En ek de moetingen mei ús sponsorstudinten giet net troch, dat kin gewoan net."
Coronafirus yn Nepal © Shutterstock.com (kovop58)

Bewegingsromte

Sy sieten fêst yn harren hotel. "De plysje is hurd oan it optreden tsjin Nepalezen dy't op strjitte binne. Wy hiene as toeristen noch wol wat bewegingsromte. Dus wy koene noch in blokje om foar boadskippen. Wy hiene in moai balkon mei útsjoch, wy koene de berch Annapurna sjen. Wy hiene yoga yn it buorhotel. En fierder wat lêze, ynternet, it nijs byhâlde. Ik haw my noch net ferfeeld, mar je soene hjir sa net in healjier sitte moatte."

Weromkomme

No hopet Nijholt dochs sa gau as mooglik werom te kommen. "Wy kinne krekt op tiid it lân út. Je sjogge dat de spanning tanimt. Yn guon gebieten wolle sy ek gjin toeristen mear sjen. Nepal hie krekt in grutte promoasjekampanje útsei foar 'Visit Nepal' dêr't twa miljoen besikers mei binnenhelle wurde moasten, mar dat leit folslein plat. Der sitte in soad minsken thús sûnder ynkommen en fangnet, dus dat is wol skrinend."
Nijholt hie eins tongersdei al werom komme wollen, mar dat is net slagge. Wannear wol, dat is de fraach. "It is noch net wis dat wy nei Nederlân kinne. As in fleantúch net delkomme mei, kinne wy noch net fuortendaalks fuort. Wy sjogge it wol."
Froukje Nijholt yn Nepal
Yntusken is der berjocht kaam dat Froukje Nijholt op dit stuit yn Kuala Lumpur sit en nei alle gedachten freed thúskomme kin.