It Fryske wetter yn 360VR: meigenietsje yn thúsisolaasje

02 apr 2020 - 12:45

De brêgen en slûzen yn Fryslân bliuwe ticht fanwege de coronakrisis, dus it wetter op sil 'm de kommende tiid net wurde, ek mei it each op de oprop fan it kabinet om sa folle as mooglik thús te bliuwen. Mar wa't dochs genietsje wol fan de Fryske marren, fearten en kanalen, kin fan sneon ôf ynskeakelje by FryslanBoppe. It is in bysûnder projekt yn gearwurking mei twa SKS-skippers.

Foto: Fryslanboppe.nl

Undernimmer Schelte Meinsma en syn broer Laurens fan it bedriuw Vrroom Ultimate VR Experiences fan It Hearrenfean sille mei SKS-skippers Sytze en Harmen Brouwer it wetter op om bylden te meitsjen. "Eins rûn dit al in hiele tiid, ik bin Frysk en in bin in grutske Fries. Wy hawwe sa'n moaie natuer, en dy sjogge je it bêste fan it wetter ôf. Ik tocht: dat moatte wy ris yn kaart bringe foar VR. En dat sille wy dwaan. Op it skip giet apparatuer mei, kamera's dy't alle kanten op filmje kinne, yn 360 graden. Je hawwe as je it sjogge it idee dat je oan board sitte. Je kinne oeral nei ta farre," seit Meinsma.

Alde Feanen en Alvestêden

Sneon set it projekt útein yn de haven fan Grou, om 15.30 oere. Tsien dagen lang wurde der 360VR-bylden streamd, spesjaal foar âlderein en minsken dy't troch it coronafirus thús sitte. Snein steane De Alde Feanen op it programma en fan woansdei ôf begjint yn Ljouwert de Alvestêdetochtrûte. Sy hoopje snein wer de Bonkefeart te berikken.

De bylden binne geskikt foar in Virtual Reality-bril, dêr't it bedriuw fan Meinsmsa yn spesjalisearre is. Dy bylden wurde live sjen litten op de webside fan FryslanBoppe. It skip is fergees beskikber steld troch HW Yachtcharter yn Grou.

Meie brêgen en slûzen iepen?

Neffens Meinsma binne in soad partijen goedwillich, mar it is noch wol spannend oft alle brêgen en slûzen iepen meie. Eins bliuwe dy ticht om drokte tsjin te gean fanwege it coronafirus. "Wy moatte eltse dei tastimming freegje. En as it net slagget, moat de rûte oanpast wurde nei de beropsgeart. Mar goed, De Alde Feanen kinne wy sawiesa op en it stribjen is ek de Alvestêderûte. Wy moatte ús bêst dwaan. It wurdt spannend, mar ik tink dat it wol slagje moat."

Der sille ek net in soad minsken mei. "Maksimaal trije, neffens de ôfspraken. Snein sit Age Veldboom oan board om te fertellen oer de histoarje en wat der oait yn it gebiet bard is. Dêr sitte Sytze en ik by, en dan sitst al op trije. Gelokkich is der genôch romte."

Schelte Meinsma

(advertinsje)
(advertinsje)