GGZ-klinyk op It Hearrenfean hat spesjale coronaromte

De GGZ-klinyk op It Hearrenfean hat in spesjale coronaromte ynrjochte. It is foar de measte pasjinten nammentlik net maklik om sels thús yn isolaasje te gean. Dit yn ferbân mei de diagnoaze fan dizze minsken.
GGZ-klinyk op It Hearrenfean hat spesjale coronaromte
De romte hat alle fasiliteiten om in pasjint op te fangen dy't corona hat. Foar it ferpleegjend personiel is dat wol efkes wennen. "It is hiel bysûnder. It is in hiele oare wize fan soargjen. We moatte de hannen waskjen yn alve stappen. Normaal hoecht dat net by minsken dy't op de krisisôfdieling sitte. En dan al dat isolaasjemateriaal dêr't je it hiel waarm yn krije", seit ferpleechkundige Joke Koning.
"We hawwe in groep minsken dy't risiko rinne. Net elkenien hat in goede fysike sûnens, op it momint dat je ek al in psychyske kwetsberens hawwe, binne je dûbeld fetber. Je moatte realistysk wêze en der foar klear wêze", sa seit Koning.

Isolaasje is ekstra dreech

Der is romte foar tsien pasjinten mei corona. "Het is eigenlijk zo dat de mensen die hier komen, als ze geen psychiatrische problemen zouden hebben, dat ze dan thuis zouden kunnen uitzieken. Het zijn mensen met milde tot matige klachten", seit psychiater Paul David Meesters.
Dochs is dizze ôfdieling neffens Meesters nedich. "Als het over corona gaat, dan gaat het meestal over dat iemand zelf in afzondering blijft. Je kan je voorstellen dat als iemand het moeilijk heeft, dat isolatie dan vaak niet vol te houden is. Het voordeel van deze afdeling is dat omdat ze allemaal besmet zijn, ze allemaal met elkaar op de afdeling kunnen", seit Meesters.
Wannear't de ôfdieling yn gebrûk naam wurdt is noch ôfwachtsjen. "Op dit moment zijn we gelukkig nog leeg en we hopen dat dat ook zo blijft. Alles is klaar voor iets waarvan we hopen dat het niet nodig zal zijn", sa seit Meesters.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach by de klinyk op It Hearrenfean