GGD: ien persoan ferstoarn; achttjin nije positive tests

02 apr 2020 - 12:00

Der is yn Fryslân noch ien persoan ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Dat hat de GGD tongersdei nei bûten brocht. Yn totaal binne der yn Fryslân no tolve minsken ferstoarn oan corona. Der binne de ôfrûne dei yn totaal achttjin nije minsken posityf test op it firus. Dat is de heechste taname op ien nei, seit de GGD.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

"It is eins net ûnferwachte", seit Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. "Wy hawwe noch wat te ferwachtsjen yn Fryslân, it is noch net oer. Wat it oantal oanbelanget: we moatte der rekken mei hâlde dat we de kommende tiid sels mear gefallen melde sille, want ús testkapasiteit nimt stadichoan ta." It getal seit dus neat oer it totaal oantal nije besmettingen. "Nije wike krije we der in ekstra testunit by en dan sille we noch wol mear besmettings fine."

Lanlik liket it oantal coronabesmettings krekt ôf te ninmmen. "It RIVM hat meld dat de besmettingsgraad lanlik sjoen ôfnimt. Dat is in gemiddeld getal. Fryslân soe dêr in part fan útmeitsje kinne, mar dat witte je net. Sy peile dat at random oeral yn it lân." De Veiligheidsregio hâldt der foarearst oan fêst dat de stiging dy't destiids yn Brabân en de rest fan Nederlân ynsetis, hjir noch net yn dy mjitte oan de gong is. Neffens Kleinhuis kin dat hjir noch barre. "Mar dat witte we pas as dit foarby is."

Kleinhuis: "Wy binne dwaande om kollega's fan de GGD hjiryn fierder op te lieden, we moatte mear minsken ha dy't teste kinne. Ek binne we dwaande om ôfspraken te meitsjen mei laboratoaria, benammen Izore, om te sjen oft sy it oankinne. Dêrneist sjogge we oft we genôch spullen binnenkrije en sykje we in nije testlokaasje." Dêr binne se al in hiel ein mei en se tinke nije wike losgean te kinnen. It testsintrum is bedoeld foar minsken yn de soarch. "It giet echt om needsaaklike tests en net foar elkenien yn Fryslân."

Moai waar

It wurdt dit wykein moai waar. Minsken wolle der, nettsjinsteande de maatregels, miskien wol op út. Hoe sit it mei minsken dy't in eigen fakânsjehûs of steancaravan hawwe? "Wy hawwe hiel dúdlike regels fan wat wol en net kin. Op guon parken binne de sanitêre foarsjennings sletten, dus minsken moatte wol selsfoarsjennend wêze. Se meie net mei de hiele famylje yn in húske sitten gean. Mar as se mei de eigen húshâlding yn in húske wolle, dan is dêr alle romte foar."

Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)