Jouster ferieningen driuwend ferlet fan ûnderdak: komt der in 'Brûsplak'?

02 apr 2020 - 11:27

Op De Jouwer soe in 'Brûsplak' komme moatte. Dat docht alteast bliken út in enkête ûnder ferieningen en sosjaal-kulturele organisaasjes op De Jouwer. Gemeente De Fryske Marren en de inisjatyfnimmers fan It Lokaal hawwe dy plannen opset.

Sicht op De Jouwer, mei De Kolk en de Tolhûsbrêge - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Der binne 16 organisaasjes dy't oanjûn hawwe wol meiwurkje te wollen oan it realisearjen fan sa'n 'Brûsplak.' Acht organisaasjes wolle sels wol lieding jaan. Dêrmei soe der genôch stipe wêze om it te ûtwikkeljen.

Ferlet fan plak nei sluten Miks Welzijn

Grutte fraach is no wêr't dat 'Brûsplak' krekt komme moat. Der binne tsien organisaasjes dy't driuwend op syk binne nei in nij plak. Ek binne der acht organisaasjes dy't in goedkeaper of grutter plak sykje. Alve organisaasjes soene wol romten hiere wolle.

In grut tal ferieningen kaam yn 2019 op strjitte te stean nei't de gemeente ophâlden is mei Miks Welzijn. Om't dat pân oan de Brugstraat ticht is, is der net in fysyk plak mear en dêrom binne guon ferieningen byinoar kaam ûnder de namme It Lokaal.

Trefwurden: 
De Jouwer It Lokaal brûsplak
(advertinsje)
(advertinsje)