Jan en Josefien Kooistra krije nei 40 jier SV Friesland earespjelde fan atletykuny

02 apr 2020 - 11:03

Jan en Josefien Kooistra fan Sint-Jabik hawwe woansdei de earespjelde krigen fan de Koninklijke Nederlandse Atletiek Unie. Op de dei dat 'harren' atletykferiening SV Friesland 40 jier bestie, krigen se fia in fideoferbining de lokwinsken fan de foarsitter fan de atletykuny. "Ik ben hier wel trots op hoor. Het geeft ook voldoening", seit Jan Kooistra.

Foto: Omrop Fryslan

Jan en Josefien hawwe yn 1980 mei twa kuierfreonen de feriening SV Friesland oprjochte. "We deden altijd al wat trimloopjes op verschillende plekken in Fryslân, maar dat was onder een andere vereniging, De Lange Afstand Tippelaars. Dat bestuur wilde niet meer dat we trimloopjes organiseerden, omdat ze een snelwandelvereniging zijn. Toen dachten we: dan moeten we zelf maar een vereniging oprichten en zijn we doorgegaan met de trimlopen, dat was een groot succes", seit Jan Kooistra.

Fideoferbining

It pear krige it earespeldsje útrikt fia in fideoferbining op de telefyzje by harren dochter. "Ze deden de televisie aan en toen kwam de voorzitter van de Atletiekunie in beeld en die vertelde ons dat we zo geweldig geweest zijn voor het hardlopen. Dat we het al 40 jaar hebben volgehouden", seit Jan. "De oorkonde en het speldje waren al opgestuurd. Mijn dochter heeft ons toen de erespeld opgespeld."

Jan en Josefien hawwe yn totaal mei-organisator west fan likernôch 60 wedstriden en tochten, mar twa springe der wol boppe út. "De Berenloop op Terschelling en de Elfsteden estafetteloop. Dat was altijd een prachtig gebeuren. Dat hebben we zeventien keer georganiseerd", sa seit Jan.

Jan Kooistra oer syn earespjeldsje

(advertinsje)
(advertinsje)