Wethâlder Feitsma: "Ik meitsje my soargen oer de kulturele sektor op lange termyn"

02 apr 2020 - 11:03

De Ljouwerter wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma hat grutte soargen oer de kulturele sektor op de langere termyn. "Ik bin tige wiis mei de maatregels dy't no nommen wurde, mar hoe komt it oer twa moanne? We moatte no echt mei ús allen foarút sjen, wat betsjut dit foar ús ynstellings en festivals oer in healjier of in jier?" De gemeenten hawwe in soad oerlis mei de minister fan kultuer, mar dat giet noch hieltyd oer de koarte termyn.

De gemeente Ljouwert hat in enkête holden ûnder sa'n hûndert organisaasjes en selsstannigen yn de kulturele sektor. "Der komt noch fan alles binnen, mar wat wol al opfalt is dat in grut part fan de zzp'ers it hiel dreech hat op de koarte termyn." Ek zzp'ers yn de kultuer kinne gebrûk meitsje fan de needmaatregels fan de oerheid: se kinne in fergoeding krije op bystânsnivo.

Poppoadium

Fierder falt op dat der gjin inkelde organisaasje yn akute finansjele problemen sit, mar op de langere termyn kin dat wolris in hiel oer ferhaal wêze. Foaral foar organisaasjes dy't bot ôfhinklik binne fan eigen ynkomsten, dy't no fuortfalle om't alles net troch giet. As foarbyld hellet Feitsma in poppoadium oan. "Se kinne net alles wat no net trochgiet, trochskowe nei it nije seizoen, want minsken geane net faker nei in poppoadium om dat allegearre yn te heljen." Itselde jildt ek foar bygelyks in teäter.

Fokus ferlizze

Feitsma wol dat de minister de fokus no ferleit nei de langere termyn, mar hat der wol soargen oer. "It kabinet hat yn it debat woansdei oanjûn dat se net 100 persint reparearje kin. Dat sizze se yn it algemien, en it is in sinjaal dat se net alles oplosse sille. We moatte noch sjen wat dat betsjut foar it kulturele fjild, benammen ynstellings dy't foar in grut part ôfhinklik binne fan eigen ynkomsten at dy fuortfalle."

Wethâlder Sjoerd Feitsma

(advertinsje)
(advertinsje)