Nije tunnel yn de N381 by 't West njonken Donkerbroek iepene

Fan tongersdei ôf kin it autoferkear oer de N381 by Donkerbroek troch in nije tunnel by 't West. Oannimmer Heijmans Infra hat woansdeitenacht it ferkear omset nei de nije rydbaan.
© Projectteam N381
Ofrûne wike is der asfalt oanbrocht op de haadrydbaan yn de nije tunnel. No kin it asfalt yn de al besteande tunnelbak oanpakt wurde. It wurk hat te krijen mei it ferdûbeljen fan it tal rydstripen fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde. Yn 2018 is de opdracht úteinset en it wurk moat yn 2020 klear wêze.
Under it fiadukt Drie Tolhekken binne swerfstiennen ferwurke yn de stripe by de rydbaan del. Dy stiennen binne fûn mei de wurksumheden. Der binne ek stiennen brûkt by it talúd ûnder de brêge by de Tsjonger.