Kollum: "Rou"

"Ergernissen binne altyd in goede boarne foar sjoernalisten en kollumnisten. En der falt hiel wat te ergerjen yn 'e ôfrûne dagen. Ergernis oan minsken dy't op sosjale media miene wat oer corona sizze te moatten, of noch slimmer: der wat oer te witten.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Minsken dy't miene grappich wêze te moatten troch wat mei in wc-rôle te dwaan. Mar ek ergere ik my oan Hans Goedkoop fan Andere Tijden, dy't dizze pandemy relativearre troch wat te sizzen oer in ferskaat oan epidemyen út moderne tiden: hiene we al ris fan de Hongkong-epidemy heard, mei in miljoen slachtoffers, no dan falt dit dochs oant no ta wol ta. Of dat domme gedoch fan komplottinkers dy't miene dat it RIVM sels corona útsetten hat. Ik ha op it lêst sin om elkenien ferrot te skellen.
Lês dochs de ferslachjouwing yn 'e kranten fan hoe't it der op it stuit oan ta giet yn 'e sikehuzen, wol ik se dan fertelle. En dan benammen dy yn Brabân. Lês hoe't IC-meiwurkers prate oer oarlochstastannen. Tinksto dat in ferske fan hûndert BN'ers dêr wat oan feroaret? Of oars grappen oer in ferske fan hûndert BN'ers? Of in kollum oer grappen oer in ferske fan hûndert BN'er? Wat in ergernis.
Earst wie ik sels ferkâlden, en as in Fries ferkâlden is, dan moatst him of har mei rêst litte, want dan is der net safolle mear oer fan dy saneamde Fryske ûnderkuolle nochterheid. Ik seach myn ergernis oan alles, as in symptoom. Mar myn ferkâldens gie oer, en de ergernis bleau. Ik ergere my no oan de motorriders dy't mei it moaie waar wer nei bûten komme en miene dat se de diken allinnich ha (wat se trouwens ek ha, mar dat is myn punt net); oan de scooterjonges dy't net oardel meter ôfstân hâlde, mar homo-eroatysk ticht tsjin inoar oan sitte op dy scooters en troch de stêd crosse; oan joggende minsken dy't miene dat mei joggen oardel meter ôfstân net mear jildt; en ta beslút fan dizze rige, dy't net útputtend is, oan myn lange hier dat der al lang ôf moatten hie, mar de kappers binne ticht.
Op it lêst ergere ik my dus oan mysels. In freon stjoerde my in artikel op, dêr't yn stie dat we allegearre yn meardere of mindere mjitte yn 'e rou binne. We ha de wrâld en it libben dat we hiene ferlern. Mei ik dat wêze, rouwich? Ja. Ik bin de dokters op it stuit ferplichte om in bytsje op mysels te passen.
Der is altyd ellinde dy't slimmer is. Lykas no yn 'e sikehuzen fan Brabân. Myn ellinde falt dêr by yn it neat. Mar goed, falt de ellinde fan Nederlânske corona ek net yn it neat by dy yn Italië? En dy wer yn it neat by dy fan de Spaanske Gryp? Ik bedoel: ellinde kinne je nea mei ellinde ferlykje. Ja it kin wol, mar je kinne net sizze dat ik gjin mingde gefoelens ha mei by it feit dat ik myn heit allinnich mar lokwinskje kin mei syn jierdei fia WhatsApp-byldbelje. Wat earst ek net wurke trouwens - wat in ergernis.
Ik kin dus mar better in plan fan oanpak ha. It eigen fertriet no ris even net fuortrelativearje, mar it even barre litte, troch de fazen fan rou te gean; it is no ien kear sa. Yn 'e earste faze fan rou wurket relativearje allinnich mar tsjin je. As ik it oer mysels ha: de ergernis oan alles en elkenien is foar nimmen wat oan, ek net foar mysels. Mar it is der, dus kin ik mar better dat gewoan efkes barre litte. Traapje in blikje woast yn inoar, of sla wat kapot fat gjin kwea kin. Dan is it derút. Op nei de folgjende faze. Besykje út te finen hoe't ik myn wurk dwaan kin yn de post-coronawrâld; want gean der mar efkes net fan út dat we inoar gau wer hannen jouwe. En mear fan soks. Akseptearje dat.
En miskien kin ik dêrnei neitinke oer de simmer: want wat foar waar oft it dizze simmer ek wurdt, de earste kear op in terraske wurdt magysk. Lústerje nei in muzykgroep op it doarpsplein wurdt it grutste feest. En as we in bytsje mazzel ha en sûn bliuwe kinne, dûnsje we aansen mei de ferpleechkundigen en de dokters. En dan soe it samar ris fantastysk wurde kinne!"