Dit hat de fotosyktocht fan it Fries Museum opsmiten

It wie mar in eksperimint fan it Fries Museum, mar it pakt út as in sukses. It museum skeakelet it grutte publyk yn om te helpen by it ûndersyk nei bysûndere fotokolleksjes. Yn febrewaris hat it Fries Museum 74 glêsnegativen fan foar der Earste Wrâldoarloch op de webside set. Fia de media, sosjale kanalen en histoaryske ferieningen kaam der allerhanne ynformaasje boppe wetter. Dêrom giet it Fries Museum troch mei it nei bûten bringen fan foto-mystearjes.
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden | Schenking familie Krol
It is in foarm fan 'crowdsourcing': it Fries Museum hat 74 glêsnegativen digitalisearre en online set. Sa kin eltsenien genietsje fan de foto's en boppedat meitinke oer wa't der eins op stiet en wêr't dy plaatsjes krekt makke binne. Bekend wie dat de negativen yn 2001 oan it museum jûn binne troch de famylje Krol. Op de foto's steane in soad buorkerijen, groepsfoto's en portretten fan Friezen yn de doetiidske klaaiïng.
"We hebben een hele uitgebreide collectie foto's die via schenkingen en dergelijke in het museum zijn beland. We weten daar soms weinig van. Ten eerste omdat we deze foto's recent hebben gedigitaliseerd, hebben wij ze nu echt pas in beeld. En ten tweede moeten we ons onderzoek vaak beperken tot de tentoonstellingen die we voorbereiden," leit museumdirekteur Kris Callens út.

Sneupe op Street View

Guon sneupers wisten wol wat sy mei de foto's moasten. "Leuk is dat een persoon op Google Street View is gaan zoeken naar de boerderijen die waren afgebeeld op de foto's. Dat geeft aan dat niet alleen een toevallig familielid van een fotograaf of geportretteerde wat kan doen, maar dat ook iedereen die zin heeft mee kan speuren," seit Callens.
It die bliken dat ien fan de pleatsen yn Ypekolsgea stiet, njonken Wâldsein. Mei help fan de Histoaryske Feriening fan Wâldsein, de doarpskrante en famylje fan de fotograaf koene dêrnei wer oare fotolokaasjes en minsken in namme krije.
De foto's binne makke troch Sjerp Jans Tromp (1858-1928), in boeresoan fan Ypekolsgea. Hy wie hobbyfotograaf en hat om 1910 hinne syn eigen omjouwing fêstlein. Dy perioade is tige wichtich yn de skiednis fan de fotografy, just om't hieltyd mear partikulieren harren eigen wrâld fêstlizze koene.
Direkteur fan it Fries Museum, Kris Callens
Hjirûnder trije foarbylden fan wat de syktocht opsmiten hat:
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden | Schenking familie Krol

Mei de peaskeko

Op de foto hjirboppe stiet Wiebe van der Wal (1889-1978), dy't yn Wâldsdein in slachterij hie. Hy wie in soan fan Jacob van der Wal en Marijke van der Brug. Wat de namme is fan de knecht op de foto, is noch net bekend. De âlden fan Wiebe giene nei harren pensjonearring rintenierjen yn in hûs yn Ypekolsgea, dêr't fotograaf Tromp ek weikaam.
De ko op de foto is in saneamde 'peaskeko', dat wie ko dy't tsjin 'e peaskedagen slachte waard. Eltse maitiid waard der sa'n ko keazen troch de slachter, faak in ko dy't op tentoanstellingen yn de prizen fallen wie. Guon slachters paradearren mei harren fersierde ko troch de strjitte. Mooglike klanten koene in bestelling foar de peaskedagen dwaan.
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden | Schenking familie Krol

Triomfantlik foar de nije pleats

Dizze foto is makke koart nei it opleverjen fan in nije buorkerij (hjoed-de-dei op it adres Ypekolsgea 7). Op de foto sit boer Anne Douwes Osinga grutsk foar de doarren fan de nije skuorre. Syn frou Neeltje Aukes Nauta sit links fan him. Om harren hinne alle bern en harren partners. Sân fan de minsken posearje yn Fryske dracht en twa fan de manlju hawwe harren pet oan in spiker yn de muorre hongen.
Sittend fan links nei rjochts: Ymkjen Wielinga (1871-1947), Pietrik Schotanus (1878-1967), Corneliske Osinga (1861-1946), Neeltje Aukes Nauta (1833-1912), Anne Douwes Osinga (1831-1912), Sipkjen Osinga (1857-1915), Uilkje Hoekstra (1857-1911), Rinske Tromp (1869-1950), Lieuwkje Hoekstra (1867-1952). Rinske Tromp wie in healsuster fan fotograaf Sjerp Tromp.
Steand: Jurjen Osinga (1874-1954), Michiel Osinga (1871-1934), Jan Attema (1859-1922), Auke Osinga (1859-1947), Tjitte Osinga (1857-1945), Haring Osinga (1868-1930) en Douwe Osinga (1865-1925)
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden | Schenking familie Krol

Iuwfeest 1813-1913

By de ein fan de Frânske oerhearsking en de fêstiging fan it keningshûs nei 1813 is ferskate kearen stilstien. Dat barde it meast wiidweidich yn it jier 1913, mei in iuwfeest. Yn in soad doarpen en stêden wiene histoaryske optochten om't Nederlân 100 jier ûnôfhinklik wie. Wiken fan tefoaren wiene minsken al warber mei it meitsjen fan bygelyks earepoarten.
De sloep op de foto is dêr in foarbyld fan. De sloep hat de namme Wilhelmina en foarop de boat stiet in findel mei de tekst: "Neerlands 1813-1913 onafhankelijkheid." Op de râne fan de sloep de nammen fan de eigeners, Tj. Kampen en K. Okma.
Yn de Nieuwe Sneker Courant stie yn july 1913 in stikje oer it barren. It muzykkorps gie troch it doarp, bern krigen gebak en sûkelade, froulju koene ringfytse, yn de Nutsbewarskoalle wie in blommetentoanstelling en efter de stoomboat Woudsend kaam in lange sturt fan fiersierde gondels toch De Welle en De Ie.
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden

Nije syktocht

Fanwege it sukses mei de Ypekolsgeaster foto's hat it Fries Museum besletten troch te gean mei it ynskeakeljen fan publyk. It nijste fotomystearje spilet him ôf om in Ljouwerter hinne: Daniël Draaisma (1867-1931). De boppesteande foto komt út syn kolleksje, Draaisma wie as amanuensis (saakkundich helper) fan 1882 oant 1931 dwaande foar it museum.
Mooglik is dit in groep beukers fan in (bewar)skoalle yn Ljouwert. Fierder wit it Fries Museum neat oer de foto.
© Collectie Fries Museum, Leeuwarden

Noch te skriuwen ferhalen

Mei potlead is op de efterkant fan dizze foto skreaun dat it giet om leden fan gymnastykferiening Brinio. "Kiekje, genomen in Heerenveen Juli 1915, op de terugkeer uit Gorredijk. (woensdag 25 juli 1915). Brinio dames 3de prijs." De groep hie nei De Gordyk west foar in feestlike wedstriiddei.
Ien fan de dochters fan Daniël Draaisma stiet op de foto, op de foarste rige de twadde fan links. Nei alle gedachten giet it om de âldste dochter, Anne (1897-1978). Wa't de oare minsken binne, is net bekend. "Dit zijn verhalen die nog geschreven moeten worden," seit direkteur Callens. "Misschien zijn er nog mensen die er wat van weten. De informatie komt bij de foto's te staan. Er komen meer foto's op de website, dat is erg leuk om door te grasduinen."